Henny Tuinhout-de Leeuw
Henny Tuinhout-de Leeuw | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1986 | |
berteplak | Ljouwert | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk |
Henny Tuinhout-de Leeuw (Ljouwert, 1986) is in Nederlânske skriuwster en histoarika.
Henny de Leeuw studearre sûnt 2004 Keltyske Talen en Kultuer, Keunstskiednis oan de Universiteit fan Utert mei as skripsje Het grafmonument van Christoff Köppener. Een opvallende verschijning in de Martinikerk te Franeker. Yn 2012 studearre se ôf oan de Universiteit fan Amsterdam mei de skripsje Friesland in voorwerpen. Over de ontwikkeling van de verbeelding van de Friese identiteit in het Fries Museum.
Nei har oplieding wurke hja oan it Frysk Lânboumuseum, Museum Martena en it Adlib Museum as tentoanstellingsmakker. Sûnt 2017 wurket se by it Suderseemuseum yn Inkhuzen en fersoarget dêr sûnt 2022 de kolleksjeregistraasje en fersoarget it útgeande brûklienferkear.
Henny Tuinhout-de Leeuw is sûnt 2021 bestjoerslid fan it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer. Se is boppedat redaksjelid fan it tydskrift Historisch Tijdschrift Fryslân fan dat genoatskip. [1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|