Hendrik Michiel Martens
Hendrik Michiel Martens (De Lemmer, 2 febrewaris 1900 - Amersfoart, 4 maart 1977) wie in Nederlânsk boargemaster.
Martens syn amtlike karriêre begûn as folontêr op de sekretary yn Wûnseradiel. Dêrnei wie er amtner op de sekretary fan Tytsjerksteradiel en Wûnseradiel en in tal jierren adjunkt-kommys yn Hilfertsom. Begjin jierren tweintich ferfarre er nei de gemeente Wymbritseradiel dêr't er haadamtner (1922-1924) en sekretaris (1924-1931) wie, yn 1931 waard er dêr boargemaster. Ek hie er ferskate njonkenfunksjes sa as sekretaris fan de feriening foar Kristlik ûnderwiis, regint fan it Snitser Ald Burger Weeshûs en dykgraaf.
Martens waard op 1 augustus 1938 ynstalearre as boargemaster fan Ermelo.[1] Novimber 1942 frege er dien wat er twa moanne letter ek krige en boppedat moast er fanwege de Dútsers de provinsje Gelderlân ferlitte. Yn 1945 kaam Martens werom yn syn âlde funksje dy't er hold oan syn pinsjoen yn 1962. [2] Martens wie lid fan de CHU.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|