Springe nei ynhâld

Hendrik Boschma

Ut Wikipedy
Hendrik Boschma
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum30 maart 1928
berteplakEksmoarre
stjerdatum12 juny 2002
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
partijPvdA
boargemaster fan Ljouwerteradiel
amtsperioade19691990
foargongerHenk Hellinga
opfolgerCees Bijl

Hendrik Boschma (Eksmoarre, 30 maart 1928Ljouwert, 12 juny 2002) wie in Frysk politikus fan de PvdA.

Nei de ulo yn Boalsert wurke er as amtner by de distribúsjetsjinst fan de gemeente Wûnseradiel. Yn 1947 kaam er by de Amsterdamske Bank yn Boalsert te wurkjen dêr't er as jongste betsjinner begûn en waard lang om let prokuraasjehâlder. Yn 1964 fusearre de Amsterdamske Bank mei de Rotterdamske Bank ta de AMRO Bank. Dêrnjonken wie er gemeenteriedslid en letter fraksjefoarsitter yn Boalsert. Yn desimber 1967 waard er direkteur fan in filiaal fan de AMRO Bank yn 'e krite Amsterdam, mar yn augustus 1969 kaam er werom yn Fryslân doe't er ta boargemaster fan Ljouwerteradiel beneamd waard. Yn septimber 1990 naam er dêr betiid pinsjoen en hy ferstoar mid 2002 yn 'e âldens fan 74 jier.