Hendrik Anthonie Meijer
Appearance
Hendrik Anthonie Meijer (Linden ûnder Hannover, 1744/1745 – Amsterdam, 19 juny 1812) wie in Nederlânske oargelbouwer fan Dútske komôf.
Hy wie in soan fan Hendrik Meijer. Hy wie yn de tiid fan syn ferstjerren troud mei in Grietje Sonders. It pear wenne yn 1812 oan de Kalverstraat; syn akte fan ferstjerren seit dat er 66 jier âld wie.
Hy boude benammen lytse piipoargels en hûsoargels. Ien fan syn oargels, in kabinetoargel, oarspronklik makke foar Edam, is te sjen yn de Nederlânsk Herfoarme Stephanustsjerke te Aldeholtpea. Ek it oargel fan it Museum Ons' Lieve Heer op Solder soe fan him wêze.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|