Springe nei ynhâld

Helmhaaien

Ut Wikipedy
Helmhaaien
In grize rifhaai (Carcharhinus amblyrhynchos).
In grize rifhaai (Carcharhinus amblyrhynchos).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken
   (Chondrichthyes)
ûnderklasse: haaien en roggen
   (Elasmobranchii)
tuskenklasse: echte haaien en roggen
   (Euselachii)
difyzje: moderne haaien en roggen
   (Neoselachii)
ûnderdifyzje: haaien (Selachii)
boppeskift: helmhaaien (Galeomorphi)
Kriwet et al., 2009

De helmhaaien (wittenskiplike namme: Galeomorphi, soms stavere as Galeomorphii) foarmje in boppeskift fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii), de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii) en de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii of Selachimorpha).

Dit is in taksonomyske groep fan fisken dy't sa'n 300 libbene soarten omfettet, ferdield oer 23 famyljes. Dêrûnder binne de bekendste soarten haaien, lykas de wite haai (Carcharodon carcharias), de tigerhaai (Galeocerdo cuvier), de bollehaai (Carcharhinus leucas) en de walfiskhaai (Rhincodon typus). De sustergroep fan 'e helmhaaien is it boppeskift fan 'e echte haaien (Squalomorphi).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.