Hells Angels
Hells Angels is in ynternasjonale motorklup. Haadsit fan de ynternasjonale feriening sit yn Kalifornje, dêr't de klup yn 1948 oprjochte is. Hja hawwe ferskillende 'chapters' (lokale ôfdielingen), dy't mei-inoar gearwurkje. In wichtich skaaimerk fan de motorklup is it type motor dêr't de leden mei ride, de Harley-Davidson.
De motorklup komt gauris troch kriminele aktiviteiten yn it nijs. In rivalisearjende motorklup is de Bandidos. Harren logo is in deadskop mei wjukken. Boppe it logo stiet de namme Hells Angels, dêrûnder de namme fan de chapter of lân, beide yn de klupkleuren read-wyt.
De earste chapter yn Europa waard yn 1970 oprjochte yn Switserlân. Yn Fryslân hawwe de Hells Angels in chapter yn Harns. Yn 2006 woe it Iepenbier Ministearje woe de Harnzer chapter ferbiede, omdat de motorklup in kriminele organisaasje wêze soe. De rjochtbank yn Ljouwert en de Hege Rie besleaten om de Harnzer chapter, net te ferbieden.[1]
Op 29 maaie 2019 bepaalde de rjochtbank yn Utert, dat it dien wêze moat mei alle aktiviteiten fan de Hells Angels en de klup ferbean wurdt. Dêrmei waard foar it earst in totaalferbod foar de klup yn in lân oplein [2].
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hells Angels MC World (Ingelsk)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|