Hells Angels

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hells Angels is in ynternasjonale motorklup. Haadsit fan de ynternasjonale feriening sit yn Kalifornje, dêr't de klup yn 1948 oprjochte is. Hja hawwe ferskillende 'chapters' (lokale ôfdielingen), dy't mei-inoar gearwurkje. In wichtich skaaimerk fan de motorklup is it type motor dêr't de leden mei ride, de Harley-Davidson.

De motorklup komt gauris troch kriminele aktiviteiten yn it nijs. In rivalisearjende motorklup is de Bandidos. Harren logo is in deadskop mei wjukken. Boppe it logo stiet de namme Hells Angels, dêrûnder de namme fan de chapter of lân, beide yn de klupkleuren read-wyt.

De earste chapter yn Europa waard yn 1970 oprjochte yn Switserlân. Yn Fryslân hawwe de Hells Angels in chapter yn Harns. Yn 2006 woe it Iepenbier Ministearje woe de Harnzer chapter ferbiede, omdat de motorklup in kriminele organisaasje wêze soe. De rjochtbank yn Ljouwert en de Hege Rie besleaten om de Harnzer chapter, net te ferbieden.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gjin ferbod Hells Angels Omrop Fryslân, 26 juny 2009 (sjoen op 17 maart 2010)