Hellingastate
Hellingastate lei eastlik fan Hantum, yn de gemeente Dongeradiel. Op it stee stiet in pleats.
De oarsprong is ûnbekend, mar Hellinga by Hantumerhoeke, yn 1511 Hellingen neamd, waard troch Schotanus yn 1664 as eigenierde state oanjûn. De Hellinga's trouden yn de 16e en 17e iuw mei fergelykbere oansjenlike eigenierde familys, lykas de Peyma's út Ternaard en de Marssumse tûke fan de Unia's. It boerehûs wie yn 1621 18 fakken grut.
Yn 1527 wie der in skeel tusken de Hantumers en it kleaster Klaarkamp dat hjir ek in soad besit hie. Der waard in proses fierd wêrby 't foar it doarp ûndermear de tsjerkefâd Tziemma Heling optreedt. Dat sil deselde wêze as de Tziemma Hellingen dy't yn it "Register van den Aenbrengh" fan 1511 as ien fan de grutste grûnbesitters foarkomt.
Yn 1698 is Trijntje Hellinga yn Ljouwert neffens it stemkohier foar 1/5 eigener en oare eigeners binne net fermelde. De brûkers binne de bruorren Jan en Wybe Oenes. Yn 1728 wurde wol alle eigeners neamd: Trijntje Hellinga foar 1/5, Foeke Jorritsma te Harns foar 1/5, Foppe Reins te Mullum foar 3/10 en Age Alles te Warkum foar 3/10. Brûker wie doe Wybe Wybes, grif in soan fan Wybe Oenes. Neffens it floreenkohier wie it goed doe 115 pûnsmiet (rom 42 ha) grut wêrfoar 25 gûne belestingjild betelle wurde moast. Dat is ûngefear wat in arbeider doe yn in jier fertsjinne, dus omrekkene nei 2010 pakwei 20.000 euro ûnreplike saakbelesting!
Yn 1832 wie it goed eigendom fan de erven A.L.B. van Harinxma thoe Slooten.
Om it hiem, mei in tagongspoarte, leit noch in grêft (1985). Op de kadasterkaart fan 1832 binne de grêft en de "cingel" deromhinne markant oanjûn.
Ek yn 2010 is in diel fan grêft en singel noch oanwêzich.
Eigeners/Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1511 Tziemma Hellingen
- fam. Hellinga
- 1698 Trijntje Hellinga te Ljouwert, brûkers Jan en Wybe Oenes
- 1728 Trijntje Hellinga 1/5, Foeke Jorritsma te Harns 1/5, Foppe Reins te Mullum 3/10, Age Alles te Warkum 3/10, brûker Wybe Wybes
- 1832 erven A.L.B. van Harinxma thoe Slooten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|