Springe nei ynhâld

Helena Wanda Błażusiakówna

Ut Wikipedy

Helena Wanda Błażusiakówna (Szczawnica, 4 febrewaris 1926 - 25 july 1999) wie in Poalsk famke út it fierste suden fan Poalen. Se kaam út de bergen, hearde ta de saneamde Goralen (Poalsk: górale, Goraledialekten: górole, 'berchbewenners').

Se waard berne en groeide op yn in patriottyske en katolike famylje; dochter fan Stanislaw Blazusiak alias "Pik", en syn frou Zofia. Se hie fjouwer broers en susters. Stanisław Franciszek mei de bynamme "Orzełek", Józef, Michał en Janina. Stanisław Franciszek (bynamme "Franciszek") wie âlder as Helena. Nei de legere skoalle yn Szczawnica holp se har âlden thús.

By it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch hold de famylje Błażusiak yn Szczawnica ta. Fan 'e hjerst fan 1939 ôf wiene Helena's heit en âldere broer beëdige gidsen fan 'e Poalske 'Oerwinningstsjinst sel' yn Szczawnica. Nei de ferdigeningsoarloch fan 1939 laten se soldaten en offisieren fan it Poalske leger fan Nowy en Stary Szcz nei Szczawnica. De flechtlingen waarden dêrnei ûnderbrocht yn Helena's âlderlik hûs en yn oare huzen fan ynwenners fan Szczawnica en wachten op 'e komst fan in koerier dy 't har fan Szczawnica troch Slowakije nei Hongarije bringe soe. Helena Blazusiak wie al fan it begjin fan de oarloch ôf op de hichte fan it komplot en holp de flechtlingen ûnder te bringen. Har heit fertroude har ek ferskate gefaarlike en ferantwurdlike taken ta, ek al wie se net offisjeel beëdige troch it thúsleger. Helena wie bekend as "Pika's dochter".

Sûnt 26 septimber 1944 waard se fêst holden yn 'it Paleis', it haadkertier fan de Gestapo yn Zakopane om reden fan illegale help oan partisanen. Sy skraste in gebed yn de muorre fan har sel, sel nûmer 3 fan it 'Paleis'. Se wie doe 18 jier.

'It Paleis' yn Zakopane, de eardere Gestapofinzenis

De Poalske komponist Henryk Górecki (1933-2010) brûkte har gebedstekst yn it twadde diel fan syn symfony nr 3, dy't de holokaustslachtoffers betinkt en wrâldwiid in protte wurdearring krige.

Acht wiken nei har finzennimming, op 22 novimber 1944, waard Blazakówna troch de nazi's op de trein set, nei alle gedachten op wei nei in konsintraasjekamp. Se wie ien fan de 12 minsken dy't troch partisanen rêden waarden. Se rûn oer de bergen nei Nowy Targ, dêr't se in rok en in grutte sjaal krige. Deselde jûns wie se werom by har pake en beppe yn Szczawnica. Se waard siik en lei de rest fan de oarloch yn it sikehûs, dêr't it personiel grutte risiko's naam om har te behanneljen en har identiteit te ferbergjen.[1]

Helena oerlibbe de oarloch en boaske yn 1950 yn Wadowice [2].

O Mamo, nie placz, nie.
Niebios Przeczysta Królowo,
Ty zawsze wspieraj mnie
Zdrowaś Mario
Nee, Mem, net gûle
Suverste Keninginne fan de Himel
Wol my altyd bystean
Ave Maria

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynformaasje by Górecki syn Symfony nû. 3 (opus 36). Utfierders: London Sinfonietta, Dawn Upshaw en dirigint David Zinman
  • Symphony No. 3 (Górecki)

---

  1. Gość Niedzielny (Polish weekly Catholic News magazine), 13 augustus 2020, Lamentation of hard Helena (Google fertaling)
  2. Genealogy.com