Springe nei ynhâld

Hefshuzen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hefshuizen)

Hefshuzen (Nederlânsk: Hefshuizen) is de namme fan in eardere gemeente yn Noard-Grinslân, dy’t yn 1979 ûntstie út de doarpen Uithuizen en Uithuizermeeden en in gedielte fan de gemeente 't Zandt en in gedielte fan de gemeente Bierum. De gemeente wie neamd nei it doarpke Hefswal. Dat hef komt fan it Aldfryske heef, dat see betsjut. Eartiids waard praat fan it “Grutte Heef”, dêr’t de Noardsee mei bedoeld waard. Yn it Noardfrysk komt it wurd noch foar yn heeflüpe ('waadrinne').

Yn 1990 waarden de gemeenten Kantens, Usquert en Warffum tafoege oan Hefshuizen. De twa gedielten fan 't Zandt en Bierum waarden tafoege om gebiet fan de Iemshaven yn ien gemeente te krijen.

De namme waard wat keunstele achte en waard dêrom sûnt 1992 Iemsmûn (Eemsmond) neamd.