Heermastate

Ut Wikipedy
Heermastate

Heermastate of Stillibben, wie in state by Ryptsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel, oan de Binnendyk flak by de feart en hie in úrit nei de Westerdyk. Fan de state is neat werom te finen. Op it âlde steed stiet de tinkstien "Ryptsjerk 50 jier frij".

De earste stins op dit steed waard grif om 1385 boud troch in neisiet fan Gerrold Heerma, dy't om 1045 libbe. Sa't wol folle mear barde, waard by dizze stins ek in hûs boud en útwreide. Om 1600 waard it âlde gebou ferfongen troch in nij lânhûs.

Yn 1640 is de famylje Heerma/Heerema/Herema wyls fan dit plak ferdwûn en wurde de eigeners Evert Hillebrandts en Sijmen Minnes neamd. Yn 1670 binne Lolle Sybrandts Jouwersma en syn frou Wietske Mellema eigeners fan de state. Lolle wie ûntfanger fan de gritenij Tytsjerksteradiel en tsjerkefâd fan de Herfoarme gemeente yn Ryptsjerk.

Om 1700 is soan Johan Jouwersma eigener en nei him ( yn 1710) Adriaan Jouwersma. Om 1760 fine wy hjir Anna Sophia Mellema en har suster Grytsje dy't troud wie mei F. Cuperus, âld-skepen fan Tytsjerksteradiel. Dêrút kin opmakke wurde dat Johan en Adriaan Jouwersma sûnder bern stoarn binne en dat it besit oergien is yn hannen fan de famyljefan harren mem Wietske Mellema. Yn 1780 is de state eigendom fan J. Jelgerhuis en yn 1800 noch fan syn widdo. Yn dy tiid krijt it hûs de bynamme "Huzinge Stillibben" troch in keunstskilder dy't de foar him dekte tafel skildere, it iten soldaat makke en ôfsette mei efterlitting fan it skilderij.

Yn 1820 wurdt it hûs bewenne troch Willem L. van Vierssen en yn 1840 is it yn besit fan de widdo fan Boudewijn Franciscus Carbasius; Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna Rinia van Nauta. Hja liet yn 1843, neidat ek har twadde man stoarn wie, it hjoeddeiske Riniastate yn Aldemardum bouwe. Yn 1850 wurdt it 250 jier âlde klinte Heermastate op ôfbraak ferkocht en sloopt. Op it terrein waard in pleats boud, dy't wyls ek al ferdwûn is.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • famylje Heer(e)ma
  • 1640 Evert Hillebrandts en Sijmen Minnes
  • 1670 Lolle Sybrandts Jouwersma
  • ± 1700 Johan Jouwersma
  • 1710 Adriaan Jouwersma
  • ± 1760 Anna Sophia Mellema
  • 1780 J. Jelgerhuis
  • 1800 widdo Jelgerhuis
  • ± 1820 Willem L. van Vierssen
  • 1840 Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna * * Rinia van Nauta

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: