Riniastate (Aldemardum)
De Riniastate is in state ûnder Aldemardum, oan de Star Numanwei nr. 7-9 yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It hûs wurdt yn 2010 partikulier bewenne.
It hjoeddeiske hûs bestiet sûnt 1843. Oft it hûs in âldere foargonger hân hat is net bekend. It hûs waard boud yn 1843 nei in ûntwerp fan de Ljouwerter stedsarjitekt Thomas Romein yn neo-klassisistyske styl foar Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna Rinia fan Nauta (widdo Drieling). Hja wie in dochter fan Franciscus Rinia fan Nauta, abbekaat foar it Hof fan Fryslân, en Constantia Asuera fan Avenhorn. Dizze lêste erfde it bûtenguod Avenhorn yn de Skermer fan har heit. Geertruida woe grif yn de buert fan har jongere suster Petronella Antonia wenje, dy't Lycklama-Bosch bewenne, en riant bûtenguod op ûngefear in kertier geans fan Riniastate. Har nicht Titia de Carpentier wenne op it bûten Beuckenswijk, noch in kertierke rinnen fierderop oan de selde wei.
It ynterieur is tige boeiend omdat it foarste gedielte fan it hûs út in haadferdjipping mei in twadde ferdjipping yn de midden bestiet, wylst it efterste gedielte út trije ferdjippings bestiet. It foarste gedielte hat in pear keamers en in ytseal, dy't, bûten inkele stuc-plafonds, noch hielendal yntakt binne. It is (noch) net bekend oft der op it steed in âldere bebouwing stien hat. It park derom hinne is yn de lânskipsstyl oanlein en kin dus út deselde tiid komme.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1843 frou G.W.G.J. Rinia fan Nauta, widdo Drieling
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|