Springe nei ynhâld

Havelter mûne

Ut Wikipedy
Havelter mûne
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Havelte
adres Molenweg 29
koördinaten 52°46' N 6°14' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 19,40 m
boujier 1914, ûnderbou 1873
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21029 [1]
Webside
www.haveltermolen.nl
Kaart
Havelter mûne (Drinte)
Havelter mûne

De Havelter Mûne (Havelter Molen) is in nôtmûne yn Havelte yn 'e Drintske gemeente Westerfjild.

Nei't de eardere mûne út 1873 by swier waar ôfbaarnde, waard de mûne op 'e selde stiennen ûnderbou wer opboud mei it materjaal fan in ôfbrutsen grûnsiler út Wapse. Doe't de mûne yn 1951 fan eigner wiksele, waard in elektryske oandreaune hammermûne yn gebrûk nommen, dy't yn 'e kelder fan 'e mûne stiet. It koe langer net mear út om mei wynkrêft te meallen.

Yn 'e jierren 1956-1957 fûn der in grutte restauraasje plak. De houten as waard ferfongen troch in as fan smei-izer. Ek krige de mûne in izeren bûtenroede, de binnenroede bleau fan hout.

Doe't it ûnderhâld fan 'e mûne te heech waard, droech de lêste partikuliere eigner yn 1991 de mûne oer oan 'e Stifting Havelter Mûne.

Yn 2009 waard de mûne op 'e nij restaurearre en sûnt is it ryksmonumint wer hielendal mealree.

De mûne is in achtkante stellingmûne mei in reiddutsen kape en achtkant. Sûnt 1976 binne de roeden fan 'e mûne ferfongen troch fokwjukken. De wjukken hawwe in flecht fan 19,50 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: