Springe nei ynhâld

Havelberg

Ut Wikipedy
Havelberg
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Saksen-Anhalt
lânkring Stendal
Stedsyndieling 15 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 6.494 (31.12.2023)
Oerflak 149,14 km²
Befolkingsticht. 44 ynw./km²
Hichte 26 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 39539
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 52°49' N 12°4' E
Offisjele webside
www.havelberg.de
Kaart
Havelberg (Saksen-Anhalt)
Havelberg

Havelberg is in hânzestêd yn 'e lânkring Stendal yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt.

Domtsjerke fan Havelberg

Havelberg leit oan 'e rivier de Havel, likernôch 14 kilometer boppe it plak dêr't de Havel yn 'e Elbe útmûnet. Kening Otto I liet op 'e domberch in bisdom stiftsje mei in missysintrum om 'e Westslaven te kerstenjen. De Wenden wisten yn 983 by in grutte opstân it bisdom lykwols werom te feroverjen en de Dútske foarsten waarden oer de Elbe weromdreaun. Nei 150 jier slagge it kening Lotharius III yn 1130 de Havelberg wer yn te nimmen. De soannen fan 'e Slavefoarst Wirikind wisten seis jier letter noch ienris Havelberg foar in lyts skofke werom te feroverjen, foardat Albrecht de Bear it plak definityf by it ryk foege.

Havelberg krige yn it jier 1151 it stedsrjocht. Al sûnt de stifting fan 'e Hânze hearde Havelberg by it bûn.

De seeskipswerf brocht de stêd yn 1688 nije ekonomyske ympulzen. De bou fan seeskippen brocht de stêd oer de lânsgrinzen hinne grutte faam.

Yn 1716 troffen de Russyske tsaar Peter de Grutte en de Prusyske kening Freark Willem I inoar yn Havelberg. Hja wikselen inoar geskinken út en Prusen joech de barnstienkeamer (yn Tsarskoje Selo), wylst Ruslân soldaten levere foar it Prusyske reuzerezjimint de Lange Kerls (de lange keardels, fanwegen harren ûngewoane lingte).

De stêd leit yn it uterste noardeasten fan 'e dielsteat Saksen-Anhalt oan 'e Havel. Yn it noarden en easten grinzget Havelberg oan 'e trije lânkringen Prignitz, Ostprignitz-Ruppin en Havelland.

  • Dahlen
  • Damerow
  • Garz
  • Havelberg
  • Jederitz
  • Kuhlhausen
  • Klein-Damerow
  • Kümmernitz
  • Müggenbusch
  • Nitzow
  • Toppel
  • Vehlgast
  • Waldfrieden
  • Warnau
  • Wöplitz

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Domtsjerke fan Havelberg (1279-1330)
  • Sint-Annakapel (15e iuw)
  • Sint-Laurentiustsjerke (15e iuw)
  • Kapel Sint-Spiritushospitaal (1400)
  • Riedshûs
  • Yn it earste wykein fan septimber wurdt alle jierren yn Havelberg de tradisjonele hynstemerk holden.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Havelberg fan Wikimedia Commons.