Hassnae Bouazza
Hassnae Bouazza (Arabysk: حسناء بوعزة. Oujda, 13 oktober 1973) is in Marokkaansk-Nederlânske sjoernaliste, skriuwster, kollumniste, fertaalster en programmamakster.
Se is berne yn'e stêd Oujda tichteby de Algerynske grins. Se ferliet Marokko mei har famylje om har by har heit te foegjen dy't al yn Nederlân wie, as gastarbeider. Se kaam yn Arkel (yn Súd-Hollân) te wenjen, dêr't de famylje Bouazza de iennichste Marokkaanske húshâlding wie.
Bouazza studearre Ingelske taal- en letterkunde oan de Universiteit Utert. Se skriuwt kollums foar Vrij Nederland en Frontaal Naakt en wurket as programmamakster by de VPRO. Se is bekend fanwegen it bepraten fan ûnderwerpen dy 't taboe binne yn de Arabyske wrâld, lykas pornografy. Hassnae is de suster fan skriuwer Hafid Bouazza silger.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1999 Achter de Sluier (ferhalebondel)
- 2013 Arabieren kijken – de alledaagse revolutie (beskriuwing fan 'e Arabyske wrâld út it eachpunt fan gewoane Arabieren wei)
- 2014 Seks en de Zonde (fraachpetearen mei islamityske froulju oer harren leauwe, libben en striid)
- 2022 Een koffer vol citroenen (biografysk portret fan Bouazza har mem en in beskriuwing fan har eigen relaasje mei har mem)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|