Hafid Bouazza
Hafid Bouazza | ||
skriuwer | ||
Hafid Bouazza by syn beneaming ta 'Frijtinker fan it Jier' troch De Vrije Gedachte, 2014 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 maart 1970 | |
stoarn | 29 april 2021 (51 jier) | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1996–2021 | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Hafid Bouazza (Arabysk: حفيظ بوعزة, ḥafīẓ būʿazza) (Oujda, 8 maart 1970 – Amsterdam, 29 april 2021) wie in Marokkaansk-Nederlânske skriuwer.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hafid Bouazza waard berne yn Oujda oan de Marokkaansk-Algerijnske grins. De húshâlding ferfoer yn oktober 1977 nei Nederlân, dêr't de bern grut waarden yn Arkel yn Súd-Hollân. Bouazza hat yn Amsterdam de stúdzje Arabyske taal- en letterkunde folge. Dêrnei skreau er ferskate boeken.
Bouazza hearde mei Moses Isegawa en Abdelkader Benali ta de wichtichste fertsjintwurdigers fan de saneamde 'migranteliteratuer'. Hy wie fierder bekend fan syn krityk op de islaam. Bouazza publisearre ûnder mear fertaalde poëzij op it webloch Loor Schrijft.
Yn 2003 wûn er de Amsterdampriis foar de Keunst en yn 2004 De Gouden Uil foar syn roman Paravion. Yn 2014 huldige frijtinkersferiening De Vrije Gedachte him as "Vrijdenker van het Jaar".
Bouazza wie oanhelle mei ferskate ferslavingen en waard mear as ienris mei leverfalen opnommen yn it sikehûs. Hy ferstoar yn de âldens fan 51 jier yn it OLVG-sikehûs yn Amsterdam.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bouazza syn suster Hassnae (* Oujda, 1973) is sjoernaliste, skriuwster en fertaalster.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1996: - De voeten van Abdullah (ferhalen - E. du Perronpriis 1996)
- 1998: - Momo (novelle)
- 1998: - Apollien (toaniel)
- 2000: - Schoon in elk oog is wat het bemint (poëzykarlêzing)
- 2001: - Een beer in bontjas: autobiografische beschouwingen (Boekewike-essay)
- 2001: - De slachting in Parijs (toaniel)
- 2001: - Salomon (roman)
- 2002: - Rond voor rond of als een pikhouweel (essay)
- 2003: - Othello (toaniel)
- 2003: - Het monster met de twee ruggen: een kameropera (libretto)
- 2003: - Paravion (roman - De Gouden Uil 2004; nominaasje AKO Literatuerpriis 2004)
- 2004: - Een beer in bontjas (fannijs besjoene, útwreide ferzje)
- 2005: - Het temmen van een feeks (William Shakespeare, fertaling toaniel foar Toneelgroep Amsterdam)
- 2005: - Schoon in elk oog is wat het bemint (op 'en nij besjoene, útwreide ferzje)
- 2006: - De zon kussen op dit nachtuur (blomlêzing fan gedichten fan Abdullah ibn al-Mu'tazz)
- 2006: - De vierde gongslag (mei cd) (bondel literêre essays oer opera's)
- 2006: - Om wat er nog komen moet: pornografica (poëzykarlêzing, yllustrearre troch Dick Matena)
- 2009: - Spotvogel (roman)
- 2011: - Heidense vreugde (bondele essays)
- 2014: - Meriswin
- 2015: - De akker en de mantel, over de vrouw in de islam
- 2019: - Venus en Adonis (William Shakespeare, fertaling mei yllustraasjes fan Marlene Dumas)
- 2020: - Smekelingen (Aischylos, fertaling toaniel foar De Balie)
Oer Hafid Bouazza syn wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Henriëtte Louwerse, Het mijne is het uwe; Culturele integriteit in Hafid Bouazza’s "De verloren zoon", yn: Michiel van Kempen, Piet Verkruijsse en Adrienne Zuiderweg (red.), Wandelaar onder de palmen. Opstellen over koloniale en postkoloniale literatuur en cultuur, Leiden, KITLV, 2004, siden 43-51.
- Mohammed Benzakour, Een groteske woordkunstenaar in domineesland, yn: Rosemarie Buikema en Maaike Meijer (red.), Kunsten in Beweging, SDU Uitgevers, 2004.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hafid Bouazza fan Wikimedia Commons. |
- Nederlânsk toanielskriuwer
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk essayist
- Nederlânsk boekeredakteur
- Nederlânsk oersetter
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk ateïst
- Eks-moslim
- Marokkaansk toanielskriuwer
- Marokkaansk koarte-ferhaleskriuwer
- Marokkaansk romanskriuwer
- Marokkaansk essayist
- Marokkaansk boekeredakteur
- Marokkaansk oersetter
- Marokkaansk publisist
- Marokkaansk ateïst
- Nederlânsk persoan fan Marokkaansk komôf
- Persoan berne yn 1970
- Persoan stoarn yn 2021