Hase (rivier)
Appearance
De Hase is in rivier mei in langte fan 193 km yn it noardwesten fan Dútslân.
De Hase ûntspringt op in hichte fan 163 meter yn het Teutoburger Wâld en rint troch Nedersaksen om ûnder Meppen yn de Iems út te mûnjen.
Oan de Hase ûntstiene in oantal stêden, ûnder oare Osnabrück, Melle, Meppen en Bramsche. By Melle leit in bifurkaasje. Under Alfhausen waard fan 1971 ôf de Alfsee oanlein, in heechwetterbekken foar de Hase. By Bokeloh waarden yn de iere jierren njoggentich fan de tweintichste iuw bevers útset. Dy waarden út de Elbe helle. Yn 2001 sieten der om de Hase hinne sa'n 50 stiks.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |