Springe nei ynhâld

Hasdrubal I

Ut Wikipedy

Hasdrubal I (Punysk: 𐤏𐤆𐤓‬‬𐤁‬𐤏𐤋‬ ʿAzrubaäl, "Help fan Baäl") wie in kening fan it Kartaachske Ryk fan de dynasty fan de Magoniden fan likernôch 530 f.Kr. oant 510 f.Kr.

Om 525 f.Kr. hinne sette Hasdrubal mei syn broer Hamilkar Mago in ekspedysje nei Sardynje út ein.

Hasdrubal waard alve kear ta "kening" keazen en mocht fjouwer kear in triomftocht hâlde. Hy wie de iennige Kartager dy't dy eare krigen hie. Hy sneuvele yn ien fan de strideraasjes yn Sardynje. Hy waard troch syn broer Hamilkar Mago opfolge.