Hamilkar Mago
Hamilkar Mago of Hamilkar I (Punysk: 𐤇𐤌𐤋𐤊, HMLK) wie in kening fan it Kartaachske Ryk fan de dynasty fan de Magoniden fan likernôch 510 f.Kr. oant 480 f.Kr.
Hearskippij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferdraggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under syn hearskippij sleat Kartago in stikmannich ferdraggen, sa as ûnder oare mei de Romeinske Republyk. Dat ferdrach waard yn 509 f.Kr. tekene en stelde de ynfloedsfearen en de ferdieling fan de hannelsaktiviteiten fêst. Dat ferdrach wie suver de earste boarne dy't neamde dat Kartago de kontrôle oer Sisylje en Sardynje, en it gebiet besuden Kaap Bon yn Afrika allyk, hie. Rome hie doe noch net sa'n soad macht en dat ferdrach moast Rome winliken yn de stringen hâlde. Want Rome hie sels ferdraggen mei de Fokeeërs en de Grykske koloanje Cumae, dy't Rome tsjin de Etrusken holpen, sletten. De Etrusken en Kartagers hiene in alliânsje om it Middellânske Seegebiet te dominearjen, en dat woene se dus ek hâlde. Kartago sleat ek ferdraggen mei oare Punyske en Grykske stedsteaten.
Oan de ein fan de sechde iuw f.Kr. hie Kartago de measte fan de âlde Fenisyske koloanjes oermastere, sa as Hadrumetum, Utika en Kerkouane, en in stikmannich Libyske stammen ûnderwurpen. Kartago krige dus de kontrôle oer gâns de noardafrikaanske kust fan Marokko oant Syrenaika ta. Kartago stifte sels ek nije koloanjes. Dêrtroch waarden de spannings tusken Kartago en de Grykske koloanjes op Sisylje ek grutter.
Earste Sisyljaanske oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân Sisylje, dat foar de doar fan Kartago oer lei, waard it toaniel fan strideraasjes tusken de Griken en Kartagers. It eilân hat al iuwenlang beide de Fenysjers en de Griken oanlutsen om syn strategyske lizzing. Beide folken stiften koloanjes en hannelsposten dêre. Jierrenlang waarden der tusken dy koloanjes lytse slaggen útfochten. Kartago wie op syn minst by trije slaggen belutsen; yn 580 f.Kr., yn 510 f.Kr. en, neffens de skriuwer Diodoarus Silulus, yn in kriich dêr't de stêd Heraklea Minoa folslein by ferneatige waard.
Punyske koloanjes op Sisylje wiene Motya, Panormus en Soluntum. Oant 490 f.Kr. hie Kartago ferdraggen mei de Grykske stedsteaten Selinus, Himera en Sankle yn Sisylje. Gelo, de tiran fan de Grykske stedsteat Syrakuse hie plannen en ferienje gâns Sisylje ûnder syn hearskippij. Doe't Teron fan Akragas, de skoanheit fan Gelo, de tiran fan Himera yn 483 f.Kr. fuortjage, besleat Kartago yn te gripen op oantrúnjen fan de tiran fan Rhegion, dy't de skoanheit fan de fuortjage tiran fan Himera wie.
Hamilkar rette de grutste Punyske ekspedysje oant doe ta ta, en nei trije jier fan tarieden ferfear er nei Sisylje. Dy ekspedysje barde neffens Herodotus tagelyk mei dy fan de Perzyske kening Kserkses I tsjin de Griken en dêr waard fan tocht dat Kartago mooglik in alliânsje mei de Perzen oangie tsjin de Griken. It is net wis oft dat wier it gefal wie. De Punyske float rekke swier skansearre troch in hurde stoarm yn de tocht nei Sisylje, en it Punyske leger waard ferslein, dêr't Hamilkar sels ek by om it libben kaam yn de Slach by Himera. Kartago sleat dêrnei in fredesferdrach mei de Griken en moast in grutte skeafergoeding fan 2.000 sulveren talinten betelje, mar ferlear lykwols gjin gebiet yn Sisylje.
It beheinen fan de macht fan de keningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dat belies hie grutte politike en ekonomyske gefolgen foar Kartago. Op polityk mêd waard de macht fan de keningen tige beheind en waard Kartago dêrnei winliken in republyk. De "keningen" wiene lykwols keazen ynstee fan erflike opfolging, mar doe't de Magoniden oan de macht kamen, waard de macht nei harren ta lutsen. Nei de dea fan Hamilkar krige de senaat en in "Gearkomste fan 104 rjochters" de macht op polityk mêd en krige de posysje fan suffeet mear ynfloed. Op ekonomysk mêd waarden de Kartaachske seehannelers fan it Midden-Easten troch de Griken fan it fêstelân fan Grikelân ôfsnien. Magna Graecia stie de Kartaachske hannelers yn it sintrale Middellânske Seegebiet dwers.
Dat late ta it ûntjaan fan de hannel mei it westen en hannel oer lân nei it easten. Gisko, de soan fan Hamilkar waard ferjage en de Kartagers makken de folgjende santich jier gjin risselwaasje foar striid tsjin de Griken of it jaan fan help oan Etrusken en oare folken dy't fijannich foar de Griken, en benammen Syrakuse, oer stiene. Der wurdt oppnearre dat Kartago yn dy snuorje op militêr mêd ferswakke wie nei de Slach by Himera.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Bibliography
|