Harnzer Mingd Hockey Klup

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Harnzer Mingd Hockey Klup
Harlinger Mixed Hockey Club
algemiene ynformaasje
ôfkoarting HMHC
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd sport (hockey)
fêstige yn Harns (Fryslân)
oprjochte 1968
offisjele webside
www.harlingermhc.nl

De Harnzer Mingd Hockey Klup (Nederlânsk en offisjeel: Harlinger Mixed Hockey Club, faak ôfkoarte ta HMHC) is in sportklup yn 'e Fryske stêd Harns. De feriening leit him ta op 'e mingde foarm fan hockey, wêrby't tiims út sawol jonges/manlju as famkes/froulju besteane. De HMHC hat in eigen fjild en sportakkomodaasje oan 'e Westerseedyk.

De HMHC waard yn 1968 oprjochte, en fierde sadwaande yn juny 2018 syn fyftichjierrich bestean mei in feest dat in wykein duorre (22 oant en mei 24 juny). De freeds wie der in resepsje dy't inkeld op útnûging tagonklik wie, en de sneons waard der in reüny holden foar âld-leden. Yn it ramt dêrfan waard in kompetysje organisearre wêrby't tiims fan âld-leden it opnamen tsjin 'e hjoeddeistige leden. De sneins waard it jubileum ôfsletten mei famylje- en freonetoernoai.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: