Springe nei ynhâld

Harnzer Belang en Harnzer Alternatyf '97

Ut Wikipedy

It Harnzer Belang en Harnzer Alternatyf '97 binne twa lokale politike partijen út de stêd Harns. De beide lokale partijen wurkje al in pear jier gear yn de gemeenteried en brûke dêrom meastal ien namme. Mei it útbringen fan in mienskiplike kandidatelist foar de gemeenterieferkiezingen 2006 is de folgjende stap setten nei gearwurking. Fierders hawwe de bestjoeren har liede litten troch de gearwurkingsgedachte en de kandidatelist dêrom net ynrjochte nei komôf fan de "bloedgroepen". Beide partijen koene har fine yn de tsjintwurdige list. De kandidaten komme út de ferskate dielen fan de gemeente en ek de beide doarpen (Mullum en Winaam) binne fertsjintwurdige.

Op 8 maart 2006 stie Harnzer Belang en Harnzer Alternatyf '97 op 3 sitten yn de gemeenterie.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]