Harle (rivier)
De Harle is in rivier yn East-Fryslân, dêr't it streamgebiet hielendal fan yn de gemeente Wittmund leit.
De rivier ûntspringt besuden fan de stêd Wittmund en rint mei de spuislûs (de Syl) fan Harlesyl en in gemaal út yn de Noardsee. Tichtbij it Wittmunder stedsdiel Willen komme beken, dy't ûntspringe yn it fean, by elkoar yn de Harle, it Noarderdjip en de Suderdjip. De boarnen fan it Noarderdjip en it Suderdjip lizze yn de buorgemeente Auwerk.
De rin fan de Harle leit east fan de stêd Wittmund, dêr't meanderjendewiis rjochting it noarden de plakken Funniks, Aldfunnikssyl, Nijfunnikssyl en Karolinensyl by passearre wurde en úteinlik troch de haven fan Harlesyl de Noardsee berikt wurdt.
Oant Karolinensyl is de Harle hast net gaadlik foar boaten, allinnich foar de kanosport; fan de haven fan Karolinensyl oant Harlesyl is wat skipfeart. Ut de haven fan Harlesyl wei giet de feartsjinst nei it East-Fryske waadeilân Wangereach.