Springe nei ynhâld

Hark Olufs

Ut Wikipedy
Foarside fa Hark Olufs' autobiografy, 1747

Hark Olufs (Nebel (Amrum), 17 of 19 july 1708 - dêre, 13 oktober 1754) wie in Noardfrysk seeman.

Hark Olufs syn grêfstien yn Nebel

Hark Olufs waard berne as soan fan seekaptein Oluf Jensen op 17 as 19 july 1708 op it Noard-Fryske eilân Amrum, dat doe by Denemark hearde. Yn 1721 waard er seeman op de Hoffnung, ien fan syn heite skippen.

Op in reis fan Nantes nei Hamburch yn 1724, waard it skip oermastere troch Algerynske piraten; Hark en twa neven waarden gizele. Olaf’s famylje koe it hege bedrach oan losjild dat de slavehannelers easken net op it kleed bringe. Omdat it skip ûnder Hamboarchske flagge fear, krige de famylje nul op it rekest by in it fersyk om in liening by it slavernijfûns fan it Keninkryk Denemark.
Dat hie fan gefolgen dat Olufs ferkocht waard op de slavemerk fan Algiers. Fan 1724 oant 1727/28 wie er lakei fan de Bey fan Konstantine yn Algerije, by wa’t er opklom ta skathâlder. Tusken 1728 en 1732 waard er kommandant fan de liifwacht.

Dan yn 1732 waard er befelhawwer (Agha ed-Deira) fan de pleatslike kavalry. Hy die mei oan de ferôvering fan Tunis troch it Algerynske leger yn 1735 en as beleanning dêrfoar waard er op 31 oktober 1735 frijlitten en by steat steld om werom nei Amrum te gean. Yn 1747 publisearre er in autobiografy yn it Deensk dy’t yn 1751 oerset waard yn it Dútsk. Hark Olufs stoar op 13 oktober 1754 yn Süddorf op Amrum. Syn grêfstien is noch oanwêzich op it tsjerkhôf fan Nebel.

Hark Oluf’s libben is beskreaun yn in biografyske roman yn 2010: Der General des Bay. Das abenteuerliche Leben des Amrumer Schiffsjungen Hark Olufs fan Udo Weinbörner.

  • Martin Rheinheimer: Der fremde Sohn. Hark Olufs’ Wiederkehr aus der Sklaverei. Neumünster 2001
  • Udo Weinbörner: Der General des Bay. Das abenteuerliche Leben des Amrumer Schiffsjungen Hark Olufs. Roman. Horlemann, Bad Honnef 2010, ISBN 978-3-89502-299-9

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]