Springe nei ynhâld

Hargermûne

Ut Wikipedy
Hargermûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Skoarl
adres Mosterdweg 9
koördinaten 52°44'N 4°39'E
bysûnderheden
funksje poldermûne
flecht 23,10 / 23,30 m
boujier 1804
oare ynformaasje
eigner Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33828
Kaart
Hargermûne (Noard-Hollân)
Hargermûne

De Hargermûne is in poldermûne yn it doarpsgebiet fan Skoarl yn 'e Noard-Hollânske gemeente Bergen. De mûne bemeallet de Harger- en Pettemerpolder op frijwillige basis.

De Hargermûne ferfong in eardere mûne, dy't yn 1799 by striideraasjes tusken it Ingelsk-Russyske leger oan 'e iene kant en de Frânske besetters oan 'e oare kant ferneatige waard. Itselde barde ek mei in tal oare mûnen yn 'e omkriten.

Yn 1871 waard it skeprêd fan 'e Hargermûne troch in skroef ferfongen. Oant 1962 bleau de mûne allinne op wynkrêft meallen. Yn dat jier waard in dieselmotor by de mûne set en sa bleau de mûne noch oant 1967 út en troch yn gebrûk.

Yn jannewaris 1976 namen de wjukken de silen op 'e hakken en koe it ôfbaarnen fan 'e mûne noch krekt tefoarren kommen wurde. De skea wie lykwols grut; de kape moast foar in part fernijd en de roeden ferfongen wurde. Yn febrewaris 1991 rekke de mûne yn 'e brân troch in te hite skoarstienpiip. In goed jier letter wie de mûne wer restaurearre en koe de mûne wer mealle.

Eigner fan 'e mûne is it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier.

De mûne is in reiddutsen achtkante muonts mei remkleppen neffens it systeem Fauël op beide roeden. De flecht fan 'e mûne is 23,10 / 23,30 m. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is de Hargermûne in binnenkruier. De mûne is mealree en wurdt bewenne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: