Springe nei ynhâld

Hans fan Grumbach

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hans fan Grombach)
Wapen fan de famylje Von Grumbach

Hans fan Grumbach, ek: Hans fan Grombach, kaam út in út Frankenlân yn Dútslân, broer fan Frits fan Grumbachder. Hy wie nei alle wierskyn troud mei Frouck fan Frauenhoven.

Worp fan Thabor skriuwt, dat hy, mei de jonkers fan Metsch en fan Slens ûnder Schaumberch yn it lân komd, mei de kriichsfeinten út Snits komd, nei Ealsum stjoerd is. Troch it iepensetten fan de slûzen slagge it de Sânwâldsjers, dy't ûnderwurpen wurde moasten, de tocht mislearje te litten. Op harren weromtocht nei Snits rekken de neamde kapteins by Raerd yn de slach mei de Ljouwerters, dy't se fersloegen. Oan meardere gefjochten om Fryslân te ûnderwerpen skynt Grumbach meidien te hawwen. Seker is it, dat hy ek by de yn Grinslân fallen binde fan Nittert Foks siet, dy't op 22 july 1499 by Kropswâlde oerfallen en deade waard. By de finzenen fan de grinslanners hearde ek Grombach, dy't lykwols gau frijkomd is. Want net lang dêrnei is er amtner yn Ljouwert, en wol (sûnt 1500) as hopman of drost op it blokhûs dêre. Alle kearen is hy yn de baan om it Saksysk Hûs te tsjinjen, dat him dan ek hieltiten mear geunsten bewiist. Sa waard hy nei syn optreden tsjin de Mockema's yn Ferwert (21 desimber 1500), tsjin de Unia's fan Wurdum (1502) en oare rebellen, yn it jier dêrnei leanne mei it goed fan ien fan harren, Wilke Rinia fan Stiens, in jefte dy't yn 1509 befêstige waard troch hartoch George yn in brief, wêryn dy him syn trouwe rieds- en amtsman yn Harns neamt. Neist ried fan it Hof fan Fryslân en amtsman yn Harns, waard er om 1510 hinne ek grytman fan Barradiel.

Mooglik moat by al dy amten en weardichheden ek noch neamd wurde dy fan âlderman yn Sniits, dan soe Eelko Napjus, de kroanykskriuwer fan dy stêd, net ûngelyk hân hawwe as skriuwers as Andreae wol mienden. Want yn in offisjeel stik, de brief, wêrby't syn broer Frits yn amt en weardichheden befêstige wurdt (1516), fan Hans spruten wurdt as ‘die tyt amptman’ te Snits. En dit wiist op mear as dy sindich allinnich, dy't hy yn 1514, doe't hy noch ried fan 't Hof wie, útfierde yn opdracht fan de Saksyske hearen yn Ljouwert, nei it troch de Geldersken bedrige Snits. Mar dy fersterking mei inkele ‘bussen, pulver en sommige haecken’ wie fierstente min en kaam foar Snits te let. Dat hy tige it betrouwen fan de hearen hie blykte al yn 1505, doe't hy by oerste Vijt fan Drachsdorf wie, dy't Grins belegere hie en dêrnei yn Middelstum, dêr't se greve Edzard opheldering freegjen kamen oer syn hannelwize fan de nei de side fan de east-Fryske side oerhingjende stêd.

Fierders wurdt der net folle mear fernomd fan dizze Grombach. Syn namme komt noch ien kear foar yn in skriuwen fan 8 maaie 1515 oan him fan syn broer Frits oer de pest te Warkum en maatregels dy't dêr nomd waarden tsjin de Geldersken, dy't dêr in dûbeld seinskip yn de buert hiene mei 30 man om de yn- en útgeande skippen op te wachtsjen. Koart dêrnei is Hans van Grombach ferstoarn. Yn de troch him foar 1509 beklaaide weardichheid fan hofmaarskalk yn Ljouwert en ek letter yn dy fan drost fan Harns yn it begjin fan 1515 opfolge troch broer Frits fan Grumbach, wurdt soms ferkeard miend dat it syn soan wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Kroaniken fan Worp van Thabor, Douwama, Winsemius, Schotanus, it Sjarterboek fan Fryslân.
  • Eekhoff, Geschiedenis van Friesland;
  • de Crane in Vrije Fries I, 93;
  • Van Asch van Wijck, Archief v.K. en W.G. III (1853) 166
  • Baerdt van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen (Ljouwert 1837), en de Neilêzing dêrop fan Andreae (Ljouwert 1893);
  • Algemeen Nederlandch Familieblad V (1888) 154-157, 196;
  • Andreae yn de Friesche Adelaar VIII (1891) 57-59;
  • D.G. van Epen, De Ridderschap van Holland (hs.).