Hans Jochem Bakker
Hans Jochem Bakker (1948) is in byldzjend keunstner út Den Bosch. As soan fan in keunstnersgeslacht hat er him opmerklik ûntwikkele. Yn it earstoan liet er him ynspirearje troch de mystike wrâld fan Salvador Dali. Ek grutte skilders as Miró en Pablo Picasso hawwe syn iere wurk beynfloede. It skilderjen fan plaatsjes dy't er yn de holle hie en skildere joegen op it lêst gjin foldwaning mear. Tusken 1980 en 1990 feroare syn surrealistyske en detaillearre wurk yn in folle rommere útlis en giet yn de rjochting fan abstrakt ekspressionisme. Der komt dan mear beweging en enerzjy yn syn wurk. Dochs bliuwe motiven as fûgels, hynders, bollefjochtsjen en froulju yn syn wurk en belangstelling bestean. Oan de iene kant is syn wurk sensueel en tear, mar oan de oare kant gewelddiedich en beesteftich.
Monoprints op akryl foarmje ien fan syn oare groep wurken.
Under de namme Joadoor wurket Bakker gear mei keunstner op it mêd fan fotografy Ger Doornink.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |