Springe nei ynhâld

Salvador Dalí

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Salvador Dali)
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Salvador Dalí
keunstner
Salvador Dali (1965)
Salvador Dali (1965)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Salvador Domingo Felipe Jacinto Dalí i Domènech
nasjonaliteit Spaansk
berne 11 maaie 1904
berteplak Figueres
stoarn 23 jannewaris 1989
stjerplak Figueres
etnisiteit Katalaansk
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder
streaming Surrealisme,
Classicisme
bekendste
  wurk(en)
La persistencia de la memoria
jierren aktyf 1917 - 1989
Salvador Dali 1934
Dali museum yn Figueres
Dali museum yn Figueres

Salvador Felipe y Jacinto Dalí y Domenech (Figueres, 11 maaie 1904 – Figueres, 23 jannewaris 1989) wie in Spaansk keunstskilder.

De heit fan Salvador wie in notaris út Cadaques. Syn âldste broer hiet ek fan Salvador mar dizze ferstoar trije jier foar de berte fan Dali. Salvador hat in suske Ana Maria. Salvador wurde as bern ferskriklik bedoarn, hy koe en mocht alles dwaan. Doe't Dali sân jier âld wie ,woed er Napoaleon wêze. Yn dy perioade ûntduts hy ek Cadaques en syn prachtige baai. Dizze ûntdekking betsjutte it begjin fan in libbenslange fassinaasje en leafde foar dy baai. De rare kleuren op de rotsen, de ferlitten strânen binne faak in ûnderwerp west fan de stúdzjes fan Dali.

Alle dagen gie hy nei skoalle yn Figueras, letter gie hy nei de keunstakademy yn Madrid. Op de akademy bestudearre hy de geheimen fan ljocht en donker fan de masters út de Renêssânse. Salvador hie in grutte passy foar skilderjen. Op de akademy kaam hy yn oanrekking mei in kompleet oare styl fan libben. Salvador wie ferbjustere, mar al gau fûn hy it prachtich. Hy moete in soad minsken en makke samar freonen. Ien fan dy freonen wie Luis Buñuel. Buñuel spile in grutte rol yn de gefjochten tsjin religy en de maatskippij yn Spanje. Hy besocht minsken te skokken mei de boeken dy’t hy skreaun en films dy’t hy makke. Tegearre mei Dali makke hy de films “Un chien Andalou" en "L'age d'Or". Guon minsken fûnen de films in skande. In pear kear rûn it út de hân. Hy kaam yn oanrekking mei de plysje. Hy waard twa kear skorst fan de akademy en moast sels in kear nei de finzenis. Mar Dali gie troch mei skilderjen.

Hy ûntduts de Ympresjonisten en skildere it linnen yn bûnte kleuren. Mar it grutste diel fan de tiid wie hy dwaande om syn imago op te bouwen. Hy woe in tige werkenber persoan wurde. Dêrom hie hy lang hier en liet syn bakkeburden stean. Ek droech hy in lange kape mei in bûnt kleure flinderstrik. Hy liet syn snor stean mei in krol oan beide kanten. It wie krekt oft hy wist dat hy in wichtich persoan wurde soe. Fan lyts ôf oan hie Dali grutskheidwaansin en hie in útsûnderlike fantasy.

Letter moete hy in pear kubistyske skilders en bestudearre it Kubisme. Mar al gau joech hy krekt as it ympresjonisme it kubisme op, om him te stoarten op it Surrealisme. Yn 1927 gie Dali nei Parys. Hy gie op besite by Pablo Picasso, Picasso en Dali hoegden inoar mar oan te sjen om elkoar te begripen. Juan Miro in surrealistyske skilder, yntrodusearre Dali by oare surrealisten yn Parys. Yn 1929 sleat hy him by harren oan. Yn dizze perioade moete hy syn takomstige frou Gala. Gala wie faak syn model op syn skilderijen en sy wie faak ek it ûnderwerp fan syn skilderijen. Gala kaam nei Cadque en sy wist hoe se Dali yn betwang hâlde moast. Ein 1929 trouden se en lieten elkoar noait mear yn de stiik. Se ferhuzen nei Port-Lligat en Dali gie wer oan 't wurk. Hy skildere in protte skilderijen en joech in soad lêzingen. De measte lêzingen einigen mei de problemen en rellen yn Spanje. Yn 1933 wie Dali sels ferwikkele yn de Katalaanske opstân. Dali’s politike opfettings neist syn obsesje foar Hiter en syn monargistyske sympatyen feroarsaken in brek tusken Dali en oare Surrealisten. De publikaasje fan Dali’s skildere “It riedsel fan Wilhelm Tell” makke de brek noch grutter. It skilderij liet Lenin sjen sûnder broek, mei in lange útrekte bil. Krekt nei syn brek mei de surrealisten gie Dali nei de Feriene Steaten. Dêr fûn Dali syn soarte minsken en wie de omjouwing goed om in tentoanstelling te hâlden. Al op de earste dei fan de tentoanstelling yn New York ferkocht Dali al syn skilderijen. Hy krige safolle opjeften dat it ûnmooglik wie om se allegear oan te nimmen. Hy rekke dêrtroch oerspand en rekke yn in depresje. Yn 1948 gie hy werom nei Port-Lligat. Stadichoan waard hy rêstiger en koe hy mear fet krije op syn libben. Hy gie op besite by de paus en sette him yn foar de mienskip. Hy ferdielde syn tiid tusken Port-Lligat, Paris en New York. Hy wurke as hy thús wie en spile de klown yn Parys en New York. Wylst ferskillende stilen en keunstbewegingen harren sels begûnnen te fermingen of ferdwûnen, hâlde Dali fest oan syn eigen styl. Dochs moast hy elke kear de wrâld wol litte sjen dat er fernijend wie, dit die er troch skokkende skilderijen te meitsjen en skokkende aksjes te betinken. Yn 1973 waard syn eigen museum iepene yn syn bertestêd, Figueras. In soad skilderijen en attributen waarden delsetten en it publyk streamde ta.

1982 wie it slimste jier fan syn libben. Syn frou Gala gie dea. Fan har dea ôf gie it ek hieltyd slimmer mei de eigen sûnens. Hy gie noch fierders efterút nei in brân yn syn hûs yn Pubol yn 1984. Twa jier letter krige hy in pacemaker pleatst. It grutste diel fan syn lêste libbensjierren brocht er allinnich troch. Dali ferstoar op 23 jannewaris 1989 troch in hertoanfal mei ferskillende komplikaasjes.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]