Hannibal Mago
Appearance
- Net te betiizjen mei Hannibal.
Hannibal Mago of Hannibal I (Punysk: 𐤇𐤍𐤁𐤏𐤋, HNBʿL) wie in pakesizzer fan Hamilkar Mago. Hy libbe sa'n 200 jier foar de ferneamde generaal Hannibal Barka.
Hannibal Mago waard in suffeet fan Kartago fan de dynasty fan de Magoniden yn 410 f.Kr. en in jier letter hie er it befel fan in Kartaachske ekspedysje nei Sisylje om de stêd Segesta by te stean. Yn de Slach by Selinus oermastere er de Grykske stêd Selinus en dêrnei Himera. Neffens de oerlevering moast er wol 3.000 kriichsfinzenen ôfslachtsje litten hawwe as wraakaksje foar de belies en dea fan syn pake yn de Slach by Himera santich jier earder.
Hannibal Mago ferstoar yn 406 f.Kr. oan in ynfeksjesykte dy't útbruts by it belis fan Agrigentum.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Magoniden
- Hannibal (namme), foar oare persoanen mei dy namme
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|