Haije Kramer

Haije Kramer (Ljouwert, 24 novimber 1917 - dêre, 11 july 2004) wie in ynternasjonaal skaakmaster foar it libben (FIDE, 1954), sekretaris fan de Ried foar Aldereinoangelegenheden sûnt 1971 (sûnt 1955 wurke er op de gemeentesekretary fan Ljouwert).
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard 4e yn Baarn 1940 (Quadrangular, Salo Landau wûn), waard 3e yn De Haach 1940 (George Salto Fontein wûn), waard 4e yn Ljouwert 1940 (Nicolaas Cortlever, S. Landau en Lodewijk Prins wûnen) en waard 5e yn Baarn 1941 (Max Euwe wûn). Kramer ferlear twa wedstriden fan Euwe mei 3-5 yn 1940 en 1-7 yn 1941. [1]
Yn 1954 waard er master FIDE en foar Nederlân die er mei yn sân skaakolympiades (1950-1962). Yn 1990 waard er de ICCF grutmaster by it Blassmemorial dat fan 1987 oant 1992 ferspile waard, mei Horst Rittner as winner.
Hy ferovere 19 kear it kampioenskip fan Fryslân en 32 kear dat fan de keninklike Skaakklup Philidor 1847. Kramer hat ek santich jier lid west fan Philidor 1847 en hat sechstich jier lang de skaakkolom yn de Ljouwerter Krante fersoarge. Ek yn it Algemeen Dagblad hat er jierrenlang it skaaknijs byhâlden. Yn 1995 skreau er in boek oer it skaken yn Fryslân mei as titel Friese Schaakkoningen.
Haije en Hein Donner hawwe inoar in pear kear op de 64 fjilden moete en wiene oanelkoar weage.
Postúm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boeken oer skaken fan Haije Kramer binne yn 2007 troch de famylje oerdroegen oan Tresoar. Skaakleafhawwer Remco Heite hat de kolleksje bibliografysk ûntsletten en ek libben en wurk fan Haije Kramer yn in monografy beskreaun.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Het Middenspel (tegearre mei dr. Max Euwe, 12 dieltsjes (1954) dy 't oersetten waarden yn it Deensk, Dútsk en Ingelsk)
- Romantisch schaak (1956)
- Wij schaken, de Earste Nederlânske ensyklopedy oer it skaakspul en de skakers (1966)
- Das Schachphänomen Robert Fischer (tegearre mei S.H. Postma, 1966)
- Het Vijfde Friesche Vlagtoernooi (1973)
- Het Zesde Friesche Vlagtoernooi (1974)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|