Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften

Ut Wikipedy
Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften

Главный храм Вооружённых сил России

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Moskou
plak Kûbinka
koördinaten 56° 19' N 44° 02' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2018-2020
oare ynformaasje
kosten ± 75 miljoen euro
offisjele webside
Side katedraal

De Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften is in oan de opstanning fan Kristus wijd tsjerkegebou (Russysk: Главный храм Вооружённых сил России (Храм Воскресения Христова)). De tsjerke stiet yn it rekreaasjepark Patriot westlik fan Ruslân's haadstêd Moskou yn de oblast Moskou en waard boud yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum fan de Russyske oerwinning fan de Grutte Patriottyske Kriich. De wijing wie part fan de festiviteiten fan dat jubileum.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke stiet yn it noardlik diel fan it rekreaasjepark Patriot yn de russyske stêd Kûbinka, likernôch 60 kilometer westlik fan Moskou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Presidint Pûtin en patriarch Kyrill op de dei fan de seremoanje foar it lizzen fan de earste stien

De plannen foar de bou fan de haadtsjerke foar de striidkrêften fan Ruslân waarden yn 2018 ôfkundige. It inisjatyf gyng werom op de minister fan definsje, Sergej Sjojgû, dy't tegearre mei Vladimir Pûtin yn 2018 ek de earste stien lei.[1]

De tsjerke waard boud mei help fan jeften fan û.o. de russyske regisseur Nikita Michalkov en de sportman Vjatsjeslav Fetissov, mar ek de Steat en wapenbedriuwen soene yn de bou ynvestearre ha. Mei-inoar hat de bou fan it tsjerkegebou sa'n seis miljard rûbel (likernôch 75 miljoen euro) koste.

De iepening fan de katedraal soe op 9 maaie 2020 plakfine, op de dei dat it 75 jier lyn wie dat de Twadde Wrâldkriich yn Ruslân einige. Fanwegen de COVID-19-pandemy waard de iepening ferskood nei 14 juny 2020. By de ynwijing wiene de minister fan definsje Sergej Sjojgû en patriarch Kyrill oanwêzich.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynwijingplechtichheid fan de katedraal

De tsjerke bestiet út in tsjerkegebou mei in oangrinzgjende klokketoer. Mei-inoar telt de tsjerke seis sipelfoarmige gouden koepels. De sintrale haadkoepel fan de katedraal is 89,5 meter heech en dêrmei is it gebou ien fan de fiif heechste tsjerken yn Ruslân.

De ôfmjittings fan de boudielen ferwize somtiden nei histoaryske gegevens. De haadkoepel hat in trochsnit fan 19,45 meter, it jiertal dat de Twadde Wrâldkriich einige. De Dútsk-Sovjetyske kriich duorre 1418 dagen en ien fan de koepels is 14,18 meter heech. De klokketoer waard net heger as 75 meter om't de tsjerke yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum boud waard. De muorren krigen legergriene kleuren en it glês-yn-lead yn it ferwulft is fersierd mei militêre oarders. Yn de trêden fan de haadyngong binne wapens fan de Dútske Wehrmacht ynboud, dy't it Reade Leger op de Dútsers bút makke hat. De fan metaal makke twadielige tagongsdoar wurdt fersierd mei de ryksearn. Yn de earn stekt in swurd, dat tagelyk as de greep fan de doar tsjinnet.[2]

Yn de tsjerke binne in mozaïeken oanbrocht fan û.o. hilligen, russyske foarmannen en militêre oantinkens.[3]

It gebou jout plak oan 6.000 minsken en hat in totaal oerflak fan 10.950 m².[4]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hauptkirche der Streitkräfte Russlands