Springe nei ynhâld

Tongerblom

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hûntsjedraaf)
tongerblom
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift lippeblomeftigen (Lamiales)
famylje lippeblommen (Lamiaceae)
skaai tongerblommen (Glechoma)
soarte
Glechoma hederacea
Linnaeus, 1753

Tongerblom (Glechoma hederacea) is in lytse, krûpende plant dy't op de knopen woartelet. De namme komt wierskynlik fan it Goatyske wurd Gunderaba dat wûndrank betsjut. De blêden binne nierfoarmich mei in kartele râne. Hoe sinniger it stânplak , deste lytser binne de blêden.

Oare Fryske nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tongerblom wurdt ek wol Seare Blêden, Fuotsje, Gesondheidsblêd, Hynstepoat, Hûntsjedraaf, Knikelblêd, Knikelsblêd, Miammeldersblom, Rondaaljeblêd, Skarnikelsblêd en Úlkenbledsje neamd.

De plant bloeit yn 'e maaitiid mei pears-blauwe lipblommen, dy't yn in skynkrânse stean. De ûnderlippe is oan de ein yn twaen spjalt en de boppelippe is flak en net bol. Der binne twaslachtige en funksjoneel froulike eksimplaren. De lêste hawwe dúdlik folle lytsere blommen. De plant bloeit fan maart oant juny, mar om april hinne is yn Nederlân faak it hichtepunt fan de bloei. De planten kinne harren groeiplak in dúdlik pearse gloed jaan.

Tongerblom is yn West-Jeropa tige algemien en kin yn alderlei soarten begroeiïngs foarkomme. It groeit sels as epifyt yn bygelyks knotwylgen. De plant is in goede boaiembedekker, dy't winterdeis ek grien bliuwt. Yn it foarjier is de kleur fan de plant min ofte mear pears troch de lege temperatueren en yn de simmer grien.

De Tongerblom wurdt ek wol as genêskrêftich krûd tapast tsjin byg. jokte en wûnen. It wurdt ek wol brûkt yn de bierbrouwerij. Dêr wie it de foarrinner fan hop.

Ekologyske aspekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de Tongerblom fleane in oantal solitêre bijen: de andoarnbij (anthophora furcata), Boskmitselbij (Osmia uncinata), blauwe mitselbij (osmia caerulentes), gewoane sachembij (anthophora plumipes), gouden mitselbij (osmia aurulenta), grutte wolbij (anthidum manicatum) en nepetabij (anthophora quadrimaculata).

Keppeling om utenss

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]