Tongerblom
tongerblom | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Glechoma hederacea | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
Tongerblom (Glechoma hederacea) is in lytse, krûpende plant dy't op de knopen woartelet. De namme komt wierskynlik fan it Goatyske wurd Gunderaba dat wûndrank betsjut. De blêden binne nierfoarmich mei in kartele râne. Hoe sinniger it stânplak , deste lytser binne de blêden.
Oare Fryske nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tongerblom wurdt ek wol Seare Blêden, Fuotsje, Gesondheidsblêd, Hynstepoat, Hûntsjedraaf, Knikelblêd, Knikelsblêd, Miammeldersblom, Rondaaljeblêd, Skarnikelsblêd en Úlkenbledsje neamd.
Bloeiwize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plant bloeit yn 'e maaitiid mei pears-blauwe lipblommen, dy't yn in skynkrânse stean. De ûnderlippe is oan de ein yn twaen spjalt en de boppelippe is flak en net bol. Der binne twaslachtige en funksjoneel froulike eksimplaren. De lêste hawwe dúdlik folle lytsere blommen. De plant bloeit fan maart oant juny, mar om april hinne is yn Nederlân faak it hichtepunt fan de bloei. De planten kinne harren groeiplak in dúdlik pearse gloed jaan.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tongerblom is yn West-Jeropa tige algemien en kin yn alderlei soarten begroeiïngs foarkomme. It groeit sels as epifyt yn bygelyks knotwylgen. De plant is in goede boaiembedekker, dy't winterdeis ek grien bliuwt. Yn it foarjier is de kleur fan de plant min ofte mear pears troch de lege temperatueren en yn de simmer grien.
De Tongerblom wurdt ek wol as genêskrêftich krûd tapast tsjin byg. jokte en wûnen. It wurdt ek wol brûkt yn de bierbrouwerij. Dêr wie it de foarrinner fan hop.
Ekologyske aspekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de Tongerblom fleane in oantal solitêre bijen: de andoarnbij (anthophora furcata), Boskmitselbij (Osmia uncinata), blauwe mitselbij (osmia caerulentes), gewoane sachembij (anthophora plumipes), gouden mitselbij (osmia aurulenta), grutte wolbij (anthidum manicatum) en nepetabij (anthophora quadrimaculata).
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Blêd
-
Tongerblom bloeiwize
-
Blomkroan
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Meijden, R van der: Heukels' floara fan Nederlân. 22ste printinge Grins 1996
- Weeda. E.: Nederlânske Oecologyske Floara diel 3 1988
Keppeling om utenss
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- http://www.wildebijen.nl : oersjoch fan solitêre bijen yn Nederlân
- http://www.kruidenvrouwtje.nl/pan/hondsdraf.htm
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Plantesoarte
- Lippeblom
- Boaiembedekker
- Medisinale plant
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn de Azoaren
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn Fatikaanstêd
- Lânseigen floara yn Finlân
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Gibraltar
- Lânseigen floara yn Grikelân
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kazachstan
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Malta
- Lânseigen floara yn Man
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Monako
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn Noarwegen
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Portegal
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Sibearje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Súd-Osseesje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Fjetnam
- Lânseigen floara yn Iran
- Lânseigen floara yn Japan
- Lânseigen floara yn Kirgyzje
- Lânseigen floara yn Mongoalje
- Lânseigen floara yn Noard-Koreä
- Lânseigen floara yn Oezbekistan
- Lânseigen floara yn Sina
- Lânseigen floara yn Tadzjikistan
- Lânseigen floara yn Taiwan
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Nij-Seelân