Gûverneur
In gûverneur is meastal in funksjonaris yn it iepenbier bestjoer dy't oan it haad stiet fan 'e útfierende macht fan in ôfhinklik gebiet of in subnasjonale regio, lykas in dielsteat of in provinsje. In gûverneur is lykwols nea in steatshaad. Foarbylden fan gûverneurs binne de regearingslieders fan 'e steaten fan 'e Feriene Steaten en, histoarysk, de hearskers oer de provinsjes fan it Romeinske Ryk. Yn it Nederlânske steatsbestel komme gjin gûverneurs foar, mar de kommissaris fan de kening, dy't oan it haad fan it bestjoer fan 'e Nederlânske provinsjes stiet, kin mei in gûverneur ferlike wurde. Yn Limburch wurdt de kommissaris fan 'e kening sadwaande ek ynformeel as 'gûverneur' betitele.
Gûverneurs kinne oansteld wêze (lykas de kommissarissen fan 'e kening yn 'e Nederlân binne), mar se kinne ek keazen wurde, sa't yn 'e Feriene Steaten wizânsje is. De macht dy't in gûverneur útoefenet kin tige by tige ferskille fan it iene lân ta it oare. Guon gûverneurs hawwe inkeld seremonieel foech, wylst oaren frijwol folslein selsstannich fan it nasjonale regear operearje. Yn it ferline wie de titel gûverneur-generaal ("algemien gûverneur") yn gebrûk foar amtlike bestjoerders fan koloanjes, lykas Nederlânsk-Ynje. Fral yn it begjin fan 'e koloniale perioade wiene sokken gauris net oansteld troch it regear fan it memmelân, mar troch it bestjoer fan in partikuliere ûndernimming, yn it gefal fan Nederlânsk-Ynje de Feriene Eastyndyske Kompanjy. Ek tsjintwurdich wurdt de term 'gûverneur' (fral yn it bûtenlân) noch wol brûkt yn it bedriuwslibben en foar bestjoerders fan beskate ynstellings, lykas finzenissen, skoallen en banken.
Histoarysk koe in 'gûverneur' ek in manspersoan wêze dy't troch in begoedige famylje oannommen waard om 'e âldelju de opfieding fan 'e bern út 'e hannen te nimmen. De froulike foarm fan dy betsjutting is it (folle bekendere) gûvernante.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |