Gustavus Carlson
Gustavus Carlson (Stokholm, 1647? - Bitgum, 1 jannewaris 1708) wie in Sweedsk militêr en sûnt 1674 hie er de titel fan greve fan Börringe en Lindholmen.
Gustav wie in ûnecht bern fan Karel X Gustaaf en Brita Allerts, dochter fan riedsman Claes Allerts. Doe't Skåne yn 1658 fan Deensk Sweedsk waard krige Carlson Kastiel Börringekleaster fan Karel X Gustaaf kado. Kening Karel XI naam it lykwols werom en joech it ta foldwaan oan de gûverneur Gustaf Otto Stenbock fan Skåne.
Riedsman oan it hof fan kening Karel XI, Erik Lindschöld, wie syn learaar en reizge mei him nei it bûtenlân, it gie nei Nederlân, Ingelân, Frankryk en Itaalje. Yn 1673 giet er by it Upplansk rezjimint en mei it Sweedske leger bedarret er yn 1675 yn it Dútske Pommeren en rekket yn Brandenburchske kriichsfinzenskip. Yn 1680 wie er yn Stockholm, letter is er riksrådsämbete en ferfolgens gie er yn Hollânske kriichstsjinst. Dêr waard er generaal-luitenant. Carlson folge steedhâlder Willem III fan Oranje nei Ingelân yn 1688 en fjochte oan syn side yn Ierlân by de fjildtocht fan 1690.
Troch syn houlik mei Isabella S. thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg waard er bewenner fan Grut Terherne yn Bitgum. It pear krige gjin bern.
Hy wy in tige geleard man en hie in grutte boekesamling (12.000 dielen) dy't in soad besikers luts. De ferkeapkatalogus út 1711 telt 738 bledsiden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|