Gurbe (waarmantsje)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Loltsje en ik ha de fuotten alris útslein.
Gurbe efter de kompjûter.jpg

Gurbe is it mantsje dat mei syn frou Loltsje kommentaar jout op it nijs op de foarside fan de Ljouwerter Krante.

Doe’t tekener Frits Klein yn 1952 besite krige fan de Friese Koerier, frege dy him om “in Frysk mantsje” te tekenjen by it deistige waarberjocht. Gurbe ferskynde foar it earst yn de Friese Koerier as waarmantsje. Dit waarmantsje wie betocht troch Fedde Schurer, de namme letter troch waarman Hans de Jong. In jier lang hie it mantsje gjin namme, dat fûn Schurer net nedich, oant er beswike foar it argumint fan waarman Hans de Jong, dat it sa keal en ûnpersoanlik wie. Hans de Jong betocht de namme Gurbe. Twa jier letter, op 3 jannewaris 1955 yntrodusearre Gurbe syn sydsulver mei de útspraak: ”Segene Nijjier, ek fan Loltsje”. Op 30 jannewaris 1956 fertoanden se har it earst tegearre yn it iepenbier, as pearke mei de earms krúslings swierich ridend oer it iis. “Loltsje en ik ha de fuotten alris útslein”. Even hat in skieding mei Loltsje drige, mar dy is der net komd. De haadredaksje fan de LC, dy’t yn de jierren ’80 fûn dat de tekeninkjes te âldfrinzich waarden, stjoerde Gurbe op terapy. Tekener Frits Klein fûn dat sels ek al, en hat doe in nije searje tekeninkjes makke. Hy fernijde it hûs wat, sette der nij meubilêr yn en joech Gurbe nij ark (in kompjûter) om de moderne tiid wer treast te wêzen.

Beheinde Gurbe him yn it earstoan ta útspraken oer it waar en de natoer, letter waard er wat langer wat wiisnoaziger en liet er it waar oan de deskundige Hans de Jong oer.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: