Gruttere Himelfearttsjerke (Moskou)

Ut Wikipedy
Gruttere Himelfearttsjerke

Большое Вознесение

bouwurk
Greater Church of the Ascension - Moscow, Russia - panoramio.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow, Russia.svg Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 35' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1798-1816
boustyl Empire
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771410414840006
offisjele webside
bolshoevoznesenie.ru

De Gruttere Himelfeartsjerke (Russysk: Большое Вознесение; Boltsjove Voznesenije) is in otterdokske tsjerke yn Moskou. Om betizing mei in tichtebylizzende tsjerke mei deselde namme tefoarren te kommen is it wurd "gruttere" yn de namme opnommen. De parochy falt ûnder it sintrale dekanaat fan it bisdom Moskou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste fermelding fan in tsjerke op dit plak datearret út 1619. Dat wie doe noch in houten tsjerke. Yn de jierren 1685-1689 waard op it plak in nije stiennen tsjerke boud. De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1798 en 1816 boud. Nei de grutte brân fan Moskou yn 1812 baarnde de noch net foltôge tsjerke ôf. Utsein de klokketoer waard de tsjerke neffens nije tekeningen fan Afanasy Grigorjev en Fjodor Michailovitsj Sjestakova wer opboud. Aleksander Pûsjkin boaske yn 1831 yn de refter fan de tsjerke oan Natalia Gonsjarova. Yn 1830 foege Osip Ivanovitsj Bove de portiko's oan de noardlike en súdlike gevels ta en earst yn 1845 wie de tsjerke klear.

De âlde 17e-iuwske klokketoer yn 1882 (N.A.Naidenov)

In soad parochianen fan de tsjerke kamen út de bettere fermiddens en wiene fertsjintwurdigers fan de yntelliginsia, de adel en hannelslju. Yn 1863 wie hjir de begraffenis fan de bekende Russyske toanielspiler Michail Semjonowitsj Sjtsjepkin en yn 1928 dy fan de aktrise Marija Nikolajevna Jermolova. Op 13 novimber 1917 waard de begraffenis holden fan de kadetten en ofsiers dy't ûnder de bolsjewistyske opskuor yn 1917 tidens de gefechten it libben lieten. Yn 1920 lies de operasjonger Fjodor Sjaljapin yn de tsjerke út it evangeelje tidens de brulloft fan syn dochter Irina.

De tsjerke ûnder it Sovjet-tiidrek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oktoberrevolúsje bleau de tsjerke noch iepen oant 1931. Ear't er ûnder fertochte omstannichheden ferstoar, fierde patriarch Tichon yn de Himelfearttsjerke foar it lêst yn syn libben in Godlike Liturgy. Nei't de tsjerke sletten waard yn 1931 waard de tsjerke oanpast oan in nije bestimming. De ikonostase waard ôfbrutsen en de ikoanen noch yn de tsjerke sels ferbaarnd, der waarden flierplaten lein, muorren oerskildere en oare muorren oplutsen. De âlde 17e iuwske klokketoer, it iennichste oerbliuwsel fan in eardere tsjerke op it plak, waard yn 1937 ôfbrutsen en ferfongen troch in stânbyld fan Aleksej Tolstoj (de "Reade Graaf"). Yn de jierren 1960 krige in enerzjy-organisaasje it gebou yn hannen en letter tsjinne it gebou as konserthal.

De weromjefte oan de Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-otterdokske Tsjerke en fan ôf 23 septimber fan dat jier waarden der wer tsjinsten fierd. Tagelyk waard der in begjin makke oan de restauraasje fan it ynterieur en yn de jierren 1993-1994 waarden de gevels ûnder hannen nommen.

Oan de westlike kant fan de tsjerke waard yn de jierren 2002-2004 in nije 61 meter hege klokketoer boud. It is gjin rekonstruksje fan de âlde 17e iuwske klokketoer, mar in ûntwerp op basis fan in net realisearre plan fan de 19e iuwske arsjitekt F.N. Sjestakov.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Большое Вознесение