Grutte of Stefanustsjerke (Hasselt)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Grutte of Stefanustsjerke
Hasselt, herf. Stefanustsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Overijssel.svg Oerisel
gemeente Coat of arms of Zwartewaterland.svg Zwartewaterland
plak Hasselt wapen.svg Hasselt
adres Markt 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 15e eeuw
boustyl Gotyk
oare ynformaasje
webside Side herfoarme gemeente

De Grutte of Stefanustsjerke is in letgoatyske herfoarme tsjerke yn de hânzestêd Hasselt.

Gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De herfoarme gemeente makket sûnt 2004 diel út fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân. It profyl fan de gemeente is rjochtsinnich mei in sinjatuer fan it Grifformearde Bûn; der wurde yn de earetsjinst allinnich psalmen songen en ek de tradysje fan net-ritmysk songen wurdt troch de gemeente noch regelmjittich yn eare holden.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Slútstien fan Stefanus yn it koerferwulft fan it middenskip

De oarspronklik oan Stefanus, de earste martelder fan it kristendom, wijde tsjerke wie in romaansk gebou, dy't yn 1380 troch brân ferwoastge waard. Fuort nei de brân folge de tastimming fan de biskop fan Utert foar de weropbou fan de tsjerke. Nei alle gedachten waard it haadkoer noch yn de 14e iuw foltôge. It middenskip en de toer waarden yn 1466 foltôge. Dêrnei folge de útbou fan de tsjerke ta in trijeskepige hallestjerke mei in noarder- en suderkoer. Om likernôch 1500 hinne folge de oanbou sakristy oan it súdlike koer en de oanbou fan de kapel fan it Hillich Grêf oan de muorre fan it súdlike skip. De romte tusken de sakristy en de Hillich Grêfkapel is neitiid boud. De tsjerke is foar it measte mei bakstien boud mar grutte dielen fan de beklaaing fan de toer en it meast westlike diel fan it súdlike skip binne mei dowestien útfierd.

Sakristy (tsjintwurdich konsistoarje

De rivaliteit fan de stêd Hasselt mei Swol resultearre yn 1657 yn in oanfal fan Swol op Hasselt. De besjittings op Hasselt brochten ek skea oan de tsjerke, dy't neitiid ferholpen waard.

Yn 1725 waard de toer troch de bliksem troffen en ûntstie der in grutte brân, dy't net allinnich skea oan de toer mar ek de tsjerke skeinde. Der folge in renovaasje, wêrby't de muorren ferhege waarden, it dak fan de tsjerke fernijd waard en de toer de hjoeddeiske spits krige.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hillige Skrift

De ienfâldich útfierde, seissidige preekstoel stiet oan in pylder tusken it midden- en it noardlike skip en is lykas it doophek 17e iuwsk. Yn it noardlike sydskip stiet in teffens 17e iuwsk bankenblok. Yn it ferwurft fan it koer fan it middenskip is in slútstien te sjen mei in ôfbyld fan Stefanus.

De hege steande klok yn it súdlike koer stamt út de 18e iuw.

Foar de noardlike tagong oer is út de katolike tiid oan in pylder in grut fresko fan de hillige Kristoffel bewarre bleaun.

It Rudolf Knol-oargel

Ferspraat oer de flierren fan de tsjerke lizze meardere grêfsarken. De wapens op de sarken binne yn de Frânske tiid fuorthakt. Yn it súdlike koer leit noch in stien mei wijingskrúskes, dat yn de katolike tiid as alterblêd tsjinne hat.

De twa liedklokken fan de tsjerke stamme út 1617 en 1674. Fierder steane der ûnder de toer twa klokken opsteld, dy't getten binne yn 1662 en ûnderdiel wiene fan in karriljon, dat getten wie troch de bruorren Hemony en by de bliksemynslach fan 1725 ferlern gyng. It tsjintwurdige karriljon waard yn 1973 getten troch de firma Eijsbouts út Asten.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke stiet in wichtich oargel dat troch de East-Fries Rudolf Knol boud is en lanlik bekend is fanwegen de klank en de goede akoestyk fan de tsjerke.

It Knol-oargel ferfong yn it begjin fan de 19e iuw it oargel dat yn 1725 by de bliksemynslach ferlern gyng en waard op 30 maart 1807 yn gebrûk nommen. Yn it ramt fan de tsjerkerestauraasje yn de jierren 1960 waard it oargel yn 1969 troch K.B. Blank & Soan restaurearre, werombrocht yn de oarspronklike steat en útwreide mei in frij pedaal.

Foar it lêst is it oargel yn 2012 troch de firma Verschueren út Heythuysen renovearre. Tidens it wurk is doe de funksje fan de twadde wynlade op de wynlade fan it rêchwurk ûntdutsen. Ut ûndersyk die bliken dat dy twadde wynlade ornearre wie om dêrmei pianoforte-effekten te beävensearjen, in foarsjenning dy't foar Nederlân by twamanualige oargels unyk is. Fiif registers fan it rêchwurk kinne tagelyk útskeakele wurde, wêrtroch it liket dat it oargel trije manualen hat. Oan it fakante register waard nei it oankoppeljen fan in ûntbrekkende registerwals in nije plaatsje mei dêrop de letters pf (pianoforte) oanbrocht.[2].[3][4]

It oargelfront is fersierd mei tsien bylden fan de Amsterdamke byldhouwer Lorenzo Grisanti.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Side beskriuwing, skiednis en disposysje oargel

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noord- en Oost-Salland (1974) – E.H. ter Kuile.
  • Reliwiki, oproppen 23.08.2017
  • Beskriuwing fan it ynterieur dy't yn de Stefanustsjerke te krijen is.