Grutte Synagoge (Tomsk)
Koarsynagoge | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Tomsk | |
plak | Tomsk | |
adres | Ulitsa Rosy Ljûksemburg | |
koördinaten | 56° 29' N 84° 57' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1902 | |
monumintale status | Regionaal monumint | |
monumintnûmer | 711310010800005 | |
Kaart | ||
De Grutte Synagoge of de Koarsynagoge is in synagoge yn it Leninski-rajon fan Tomsk (Russysk: Томская Хоральная Синагога; Tomskaja Choralnaja Sinagoga), Ruslân. It is mei de synagoge fan Irkûtsk ien fan 'e âldste synagoges fan Sibearje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan 'e synagoge yn Tomsk sette yn 1850 útein, doe't in earste houten synagoge boud waard. Dy waard in heale iuw letter yn 1902 ferfongen troch in stiennen gebou fan twa ferdjippings. De synagoge waard op 15 septimber 1902 offisjeel yn gebrûk nommen.
Yn 1929 waard de synagoge yn opdracht fan 'e Sovjet-autoriteiten sletten en oant 1999 krige it gebou ferskillende funksjes. Ynearsten wie it in bioskoop, doe in militêre skoalle en op it lêst in regionale rjochtbank.
Sûnt 1992 mocht de mienskip yn oerlis mei de regionale rjochtbank op jûntiden wer gebrûk meitsje fan it gebou. Mei stipe fan 'e gûverneur fan 'e oblast en in tal organisaasjes frege de mienskip om de erkenning fan 'e rjochten op it gebou en de ferhûzing fan 'e regionale rjochtbank. It duorre noch oant 1999 dat nei it beslút fan 'e lokale oerheid it gebou, dat yn 'e lêste 70 jier nea renovaasjes ûndergien hie, werom jûn waard oan 'e joadske mienskip.
Yn desimber 2002 begûn de restauraasje fan it gebou, dy't yn desimber 2010 foltôge wie. Op 8 desimber 2010 waard de synagoge wer iepene.
Oan it ein fan 'e iepeningsseremoanje waard by de synagoge de earste stien lein foar in joadske skoalle. Op 12 septimber 2021 waard it nije Kulturele Sintrum iepene, dêr't de skoalle en oare edukative aktiviteiten in ûnderdiel fan foarmje.
Yn 2018 waard ek de saneamde Soldatesynagoge oan 'e mienskip werom jûn. It is ien fan 'e seldsume houten synagoges yn 'e wrâld, dy't noch besteane.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Томская хоральная синагога
|