Grutte Pier Brouwerij
Grutte Pier Brouwerij is in bierbrouwerij yn Wyns en is oprjochte yn 2014 troch Frans Filius, Menno Feenstra en Michelle Beerstra. De brouwerij is ferneamd nei de Fryske folksheld Grutte Pier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brouwerij waard offisjeel iepene op 15 novimber 2014. De inisjatyfnimmers efter de brouwerij binne Frans Filius, Renze Bil, Menno Feenstra en Michelle Beerstra dy 't inoar kenne fan Speciaalbiercafe de Markies. Oant begjin 2020 wie de brouwerij allinnich aktyf as brouwerijhierder en waard der ûnder oare brouwd by Bax Brouwerij yn Grins en Admiraals Bierbrouwerij yn Aldtsjerk.
Yn Ljouwert wie oan de Slauerhoffwei de opslach en tonneseal, oant der yn 2020 in eigen broubuorkerij ynrjochte waard yn Wyns. De brouwerij hat dêr de beskikking oer in lytse ynstallaasje.
Hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Brouwboerderij Bartlehiem wurde de nije bieren ûntwikkele en de wylde bieren broud lykas de Bretttûne. Dêrneist wurde der gearkomsten en rûnliedings organisearre yn it proeflokaal en kin der bier kocht wurde yn de winkel. Ek kin der online besteld wurde fia de webshop.
Sûnt 2023 wurde de bieren in België broud.
De trochnûmere mingelingen fan de bretttûnes binne ferdwûn, dêrfoar yn it plak komt de line fan Wilde Vrienden. De Kracht in de Nacht 2023 edysje is de lêste dy't makke is. Hjirfoar yn it plak komt in Stout.
Assortimint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grutte Pier Blond
- Grutte Pier Witbier
- Grutte Pier Dubbel
- Grutte Pier Tripel
- Grutte Pier Quadrupel
- Grutte Pier Lentebier
- Grutte Pier Kracht in de Nacht
- Grutte Pier Friese Boezem
- Grutte Pier Bock
- Grutte Pier Jûkelburd
- Bretttûne
- Brouwboerderij - Brettûne Fruit - Kers Cider - hat in gouden medalje wûn by de Dutch Beer Challenge 2024 yn de kategory Innovatie/Special Sour/Brett
- Bretttûne #18 - dit bier komt út fet 9, 10, 11 en 12. Grutte Pier Tripel dy't fan 13-03-2018 oant 01-11-2019 yn ikenhouten fetten sitten hat en dêrnei in ekstra lagering mei mango hân hat. 1884 flessen
- Bretttûne #20 - dit bier komt út fet 14. Grutte Pier Tripel dy't fan novimber 2018 oant april 2020 yn in iken houten fet sitten hat. 720 flessen
- Bretttûne #24 - dit bier komt út fet 27. Grutte Pier Tripel dy't fan juny 2020 oant jannewaris 2021 yn in ikenhouten fet sitten hat. 864 flessen
- Bretttûne #25 - dit bier komt út fet 15. Grutte Pier Tripel dy't fan novimber 2018 oant april 2020 yn in ikenhouten fet sitten hat. 720 flessen
- Bretttûne #26 - dit bier komt út fet 16. Grutte Pier Tripel dy't fan novimber 2018 oant april 2020 yn in ikenhouten fet sitten hat. 720 flessen
- Bretttûne #27 - Grutte Pier Tripel dy't in ekstra jier ripe hat yn in ikenhouten whiskyfet
- 541 IPA
- 542 Honing Blond
- Quad Stout Aguardiente Sauterness rode wijn
- Twiljocht - amber, makke foar it Noardelik Film Festival yn De Harmonie yn Ljouwert
- Saison Het Begin
- Saison Droog
- Saison Amber
- Tripel Puur mei koriander
- Boezem Biologisch Blond - fan elke ferkochte liter wurdt in stikje lanbougrûn kocht fia de koöperaasje Land van Ons
- Elixer - Fries Helden Stout mei Boomsma bearenburch
- Searje Wilde Vrienden
- Rood II - Vlaams Rood mei de cabernet cortis regent drúf (gearwurking mei Barriques d'Éte)
- Wit II - wyld fergistte grisette mei gewürztraminer gearwurking mei Barriques d'Éte)
- Searje Strijdkunsten
- Dos Calvados - quadrupel foar ien kear, ripe op Calvados fetten
- De Wildeflirt - quadrupel ripe op Moscatel fetten
- De Kopergloed - quadrupel ripe op Glenburgie fetten
- De Schat van de Zeebonk - stout ripe op Rum Plantation fetten
Bieren yn opdracht
- Van Daal Barrel Aged No. 1 - quadrupel ripe op Jamaican Rum fetten foar Grand Café De Dikke van Dale yn Ljouwert
- Van Daal Barrel Aged No. 2 - quadrupel ripe op Scotch Islay Whisky fetten foar Grand Café De Dikke van Dale yn Ljouwert
- Van Daal Barrel Aged No. 3 - quadrupel ripe op Calvados fetten foar Grand Café De Dikke van Dale yn Ljouwert
- Van Daal Barrel Aged No. 4 - quadrupel ripe op Muscatel fetten foar Grand Café De Dikke van Dale yn Ljouwert
- Van Daal Limoncello Wit