Springe nei ynhâld

Grut- en Lyts-Bamastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grut Bama)
States om Kollum hinne

Grut-Bamastate en Lyts-Bamastate stienen westlik fan Kollumerterp benoarden Kollum, eardere gemeente Kollumerlân, ticht by it Dokkumer Djip. Fan beide states is neat werom te finen.

It is ûnbekend wannear't de stinzen boud binne. Doe't yn 1467 Kollumerlân en de stêd Grins beslueten ta de bou fan kastiel of blokhûs yn Kollum, fersetten inkele haadlingen har dêr tsjin: yn Kollum Pybe Eernsma yn Meckemabuorren en Pybe Bawama. Yn 1516 waarden fan Anth Bauwema fan Kollum alle goed “reppellick ende onreppelick, waar die gelegen zijn” beslach op lein fanwegen syn ferset tsjin it Boergondysk gesach en skonken oan de fjildoerste Joost fan Buren. Anth Bauwema en sy frou Anna Sythjema hienen tegearre twa bern, Rytse en Anna. Anna boaske mei Sappo Bauwema (mooglik in efterneef) dy't tusken 1531 - 1554 gritenijfolmacht op de Fryske lândei, tsjerkfâd en dykgraaf fan Kollumerlân wie.
In tiidgenoat en sib fan Sappe wie Adzert Bauwema. Hy boaske mei Gerland Foppinga (Adzert soe in soan fan Sappe west hawwe). Harren soan Ofcke fan Bauwema hie út syn houlik mei Anna fan Eminga in dochter Bjuck, berne yn 1579 "bij Kollum", dy't de beide saten Bama erfde. Mei har man Gerrit fan Wytsma wenne se op Obbema by Ie. Bama wie sûnttiid gjin aadlik hûs mear. Yn 1628 wurdt oer ôfbraak fan ien fan de saten Bama ”op het Torp” sprutsen; útsein “de stien ende metselerye aan het binnenhuis ofte stins”, dy't fan Gerrit fan Wytsma bleaune. Yn 1640 wienen Gerrit fan Wytsma en syn frou eigeners fan beide saten. Se stoaren beide yn 1652 te Ie en lieten de saten nei oan harren dochter Maria Clara fan Wytsma dy't se yn 1676 ferkocht. Yn de ferkeapakten wurden beide betitele as in “heerlijcke eigenerfde sathe landts”.
Yn 1664 wurdt Bama as aadlike state oanjûn; yn 1718 Grut en Lyts Bama as gewoane pleatsen. Yn de tiid fan de ynfiering fan it kadaster wienen beide saten ûnbehuze.

Bewenners
  • 1467 Pybe Bawama (?)
  • 1516 Anth Bauwema
  • 1531 - 1554 Sappo Bauwema
  • Adzert Bauwema
  • Ofcke fan Bauwema
  • Gerrit fan Wytsma
  • oant 1676 Maria Clara fan Wytsma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009