Grundtvigstsjerke (Kopenhagen)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It westwurk fan de Grundtvigstsjerke

De Grundtvigstsjerke (Deensk: Grundtvigs Kirke) in Bispebjerg, in stedsdiel fan Kopenhagen, is ien fan de meast opfallende tsjerken fan de stêd. It is in seldsum foarbyld fan in ekspresjonistysk bouwurk mei neogotyske styleleminten. De tsjerke waard boud tusken 1921 en 1940.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn ferbân mei de bouplannen waard in arsjitektuerwedstriid útskreaun, dy't de arsjitekt Peder Jensen-Klint yn 1913 wûn. De tsjerke waard ferneamd nei de Deenske filosoof, dichter, histoarikus, politikus en dûmny Nikolai Frederik Severin Grundtvig.

De earste stien fan de tsjerke waard op 8 septimber 1921 lein. It wie doe krekt 138 jier lyn dat Grundtvig berne waard. De tsjerketoer kaam ree yn 1927. Ynearsten waard der op de ûnderste ferdjipping in seal ynrjochte foar de fiering fan tsjerketsjinsten. Nei it ferstjerren fan de arsjitekt naam syn soan Kaare Klint de lieding fan de bou oer. De bou fan de tsjerke kaam yn 1940 ree.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De arsjitekt liet him ynspirearje troch Deenske doarpstsjerken en ferbûn yn syn ûntwerp moderne, geometryske foarmen fan it bakstienekspresjonisme mei de klassike fertikale linen fan de goatyk. It meast opfallend is it machtige westwurk, dat tinken docht oan de kast fan in tsjerke-oargel. Yn it westwurk is de 49 meter hege klokketoer yntegrearre. It tsjerkeskip hat opfallende trepgevels, dy't faak oantroffen wurde by Deenske tsjerken. De foarmen binne lykwols modern en elke trepgevel hat dûbele toppen.

De tsjerke hat plak foar 1800 minsken. De Grundtvigstsjerke hat dêrmei de measte sitplakken fan alle Deenske tsjerken. It bouwurk bestiet út likernôch 6 miljoen bakstiennen. Allinnich it doopfont waard makke fan ljochte kalkstien út Fakse.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grundtvigstsjerke fan Wikimedia Commons.