Springe nei ynhâld

Groninger Locaalspoorweg-Maatschappij

Ut Wikipedy

De Groninger Locaalspoorweg-Maatschappij (GLS) waard oprjochte op 9 july 1887 yn Grins en bestie oant 1 jannewaris 1940. Dy maatskippij lei de spoarline Sauwert - Roodeschool oan, dy 't iepene waard op 16 augustus 1893. Dy line wie in sydtûke fan de yn 1884 iepene spoarline Grins - Delfsyl van de Steatsspoarwegen.

De GLS lei ek de spoarline Winsum - Sâltkamp oan, dy 't in sydtûke wie fan de earste line. Dy waard iepene op 1 april 1922. Yn it karbrief fan de GLS wie ek in ferlinging opnommen fan de line Sauwerd - Roodeschool oer Spijk nei Delfsyl, mar dy is der nea kommen. Oandielhâlders (benammen de gemeenten oan de rûtes) koene kieze foar "oandielen A" (Sauwerd - Roodeschool ), "B" (Winsum - Zoutkamp) of "C" (Roodeschool - Delfsyl).

De eksploitaasje wie yn hannen fan de Steatsspoarwegen (SS), nei 1917 de belangemienskip Nederlandsche Spoorwegen (NS), dêr't de SS yn 1938 formeel yn opgie. Op 1 jannewaris 1940 waard de GLS eigene troch de NS.

De spoarline Winsum – Sâltkamp waard sletten yn 1942 en dêrnei opbrutsen. It reizgersferfier wie al yn 1938 beëinige, ôfsjoen fan in koarte oplibbing yn 1940. De line fan Grins oer Sauwerd nei Roodeschool (foar guod yn 1978 en foar reizgers en yn 2018 ferlinge nei de Iemshaven) is noch yn gebrûk as ien fan de Noardlike Njonkenlinen. De reizgerstsjinst wurdt sûnt 2005 eksploitearre troch Arriva Personenvervoer Nederland.