Groetermûne
Groetermûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Groet | |
adres | Hargerweg 12 | |
koördinaten | 52°44'N 4°40'E | |
bysûnderheden | ||
funksje | poldermûne | |
flecht | 21,5 m | |
boujier | 1890 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | gemeente Bergen | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33830 | |
Kaart | ||
De Groetermûne is in mealreeë poldermûne yn it doarpsgebiet fan it Noard-Hollânske doarp Groet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1890 boud om de Groeterpolder te bemeallen. It is in muonts oan 'e Hargerdyk op it doarpsgebiet fan Groet, mar it postadres leit yn it oanbuorjende Skoarl.
Oant 1977 waard de 220 ha grutte Groeterpolder allinne op wynkrêft bemealle. Yn dat jier krige de wetterrin in elektryske pompe.
Eigner fan 'e mûne is it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier. De mûne wurdt bewenne.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Groetermûne is in typyske, knobske Noard-Hollânske binnenkruier. De 2 m hege basis is dutsen mei donkergriene, potdeksele planken, it achtkant en de kape binne fierder reiddutsen. De wjukken ha in flecht fan 21,5 m. Yn 2019 krige de mûne nije roeden en yn it ramt dêrfan binne de fokken fan Fauël ferfallen en de wjukken wer lykas foar 1986 Ald-Hollânsk ophekt. De mûne hat in stalen skroef.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|