Grize ibis
grize ibis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Theristicus caerulescens | ||||||||||||
Vieillot, 1817 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grize ibis (Theristicus caerulescens) is in fûgelsoarte út it skaai Súdamerikaanske ibissen Theristicus fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 71 oant 76 sm lange fûgel hat in griisswart fearrekleed, dat ôfhinklik fan it ljocht in blaugrize of griengrize gloed kriget. Opfallend binne de wite bân op 'e kop en de grize tûffearren. Dy wite bân jout de fûgel syn Dútske namme Stirnbandibis. De snaffel is donkergriis oant swart en de poaten binne read. Grize ibissen ha in oranje oant brúngiele iris. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin opfallende ferskillen.
De fûgel wurdt faak allinne of yn pearkes sjoen. Grutte groepen komme net foar. Groepen fan maksimaal seis fûgels binne faak de âlders mei harren jongen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt oantroffen yn Súd-Amearika yn it suden en it súdeasten fan Brazylje, it easten en noarden fan Bolivia, Paraguay, Oerûguay en it noarden fan Argentynje. In noardlike Boliviaanske populaasje is geografysk isolearre fan it gruttere restearjende ferspriedingsgebiet. Alhoewol't de soarte algemien liket te wêzen, is der sprake fan in fragmintearre fersprieding. Yn guon gebieten is de grize ibis in gewoane ferskining, yn oare dielen in seldsume fûgel.
De fûgel hat in foarkar foar iepen gêrslân, ûnderstrûpt lân, ûndjippe marren, greide en lagunes. Ek wurdt de fûgel sjoen yn heger lizzende sompen oant in hichte fan 600 m en út en troch ek op savannes.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grize ibissen briede oars as oare ibissen net yn koloanjes. De nêsten wurde op in hichte tusken 8 en 20 m boud, yn 'e regel by wetter. De takken fan it nêst wurde mei gers en blêden ôfset. In lechsel bestiet út 2 oant 3 aaien, dy't nei likernôch 28 dagen útkomme. Nei 40-43 dagen fleane de fûgels út.
It iten bestiet út slakken, wetterdierkes, kikkers, fiskjes en iel. Op it drûge gerslân yt er ek slangen, hagedissen en oare wringeleaze lândierkes. It iten bestiet dus út in grut ferskaat, mar grize ibissen binne it meast spesjalisearre yn it iten fan weakdieren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje wurdt op 50.000 oant 100.000 fûgels rûsd. Der is gjin bewiis dat de oantallen tebekrinne en der wurdt net in soad op 'e fûgel jage. Ek is it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel grut. Dêrfandinne stiet de fûgel as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Plumbeous ibis (ferzje 12 juny 2024)
|