Grinzer Skoalle
It begryp Grinzer Skoalle waard fannijs ynbrocht troch de skriuwer Ab Visser.
Visser neamde yn 1970 de troch Ferdinand Langen en himsels yn de jierren trittich fan de 20e iuw yn Grins oprjochte keunstnersrûnte Het Drieluik gekjeiend ‘De Grinzer Skoalle’.
Oare skriuwers dy't op literêre gearkomsten fan Het Drieluik kamen wiene: Max Dendermonde, A. Marja (pseudonym fan Arend Theodoor Mooij), Eddy Evenhuis, Albert Redeker, Koos Schuur, Harry Brander, Ruurd Elzer, Michiel Huizenga, Reinold Kuipers, Paul Lenda (pseudonym fan Alexander Gans) en Menno de Munck. De keunstnersrûnte bestie oant yn 1940.
Yn 1997 rekke it begryp Grinzer Skoalle opnij yn gebrûk troch de dichter Bart FM Droog. De namme ferwiisde nei in groep Grinzer skriuwers, dichters en keunstners dy't mekoar geregeldwei moeten, ûnder oaren yn nachtkafee Koekkoek, dêr't Droog (en letter Tsead Bruinja) eltse woansdeinacht in literêr programma organisearre. De gasten kamen net allinne út Grins, mar út alle hoeken fan Nederlân en somtiids ek út it bûtenlân. Skriuwers en dichters dy't troch de media yn ferbân mei de Grinzer Skoalle brocht waarden, wiene ûnder oaren: Tsead Bruinja, Liesbeth van Dalsum (pseudonym fan Bart FM Droog), Daniël Dee, Bart FM Droog, Sieger M. Geertsma, Ruben van Gogh, Karel ten Haaf, Tjitse Hofman, Ronald Ohlsen en Albertina Soepboer.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie de Grinzer Skoalle, de Grinzer rjochting, in groep heechleararen fan de Grinzer universiteit dy't yn 1837 en de jierren dêrnei, ûnder oanfiering fan teolooch Petrus Hofstede de Groot, front makken tsjin it âlderwetske konfesjonalisme yn de Nederdútsk herfoarme tsjerke, mar ek tsjin de nijmoadrige beweging fan Isaäc da Costa wiene. Sy publisearren ûnder oaren yn har tydskrift Waarheid in Liefde. De Grinzer Skoalle wie fan betinken dat beskate filosofyske stúdzjes út de 18e iuw (fan it Ingelske en Frânske deïsme en de learstellingen fan Lessing, Kant, Fichte, Schelling, Hegel en Schleiermacher), de ûnmooglikens fan de âld-grifformearde lear op guon kearnpunten punten bliken die hie. De Grinzer heechleararen stribben nei in ‘libjend kristendom’ dat bekate ferâldere learstellingen fersmiet en it gezach fan de bibel inkelt noch as de iepenbiering fan God tajaan woene. Sy winsken in evangelyske geloofsbelidenis yn it plak fan in tsjerklike.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|