Springe nei ynhâld

Grinzer rjochting

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grinzer Godgelearden)
Petrus Hofstede de Groot
Joan Frederik van Oordt

De Grinzer rjochting as de Grinzer Godgelearden wie in teologyske streaming yn de 19e iuw (fan 1831 ôf) yn Nederlân. Yn de tiid dat hja opgong makken wienen sy de meast Frijsinnige groep. Sy neamden harsels it leafst 'evangelyske en Nederlânske teologen'. It wurd evangelysk slacht hjir op it Nije Testamint tsjinoer konfesjoneel, de bining oan de grifformearde belidenisgeskriften. In protte oanhingers fanan de Grinzer teology wienen maatskiplik belutsen en krewearren foar ferbettering fan ûnderwiis en earmesoarch.

De Grinzer Skoalle wie fan betinken dat beskate filosofyske stúdzjes út de 18e iuw (fan it Ingelske en Frânske deïsme en de learstellingen fan Lessing, Kant, Fichte, Schelling, Hegel en Schleiermacher), de ûnmooglikens fan de âld-grifformearde lear op guon kearnpunten punten bliken die hie. De Grinzer heechleararen stribben nei in ‘libjend kristendom’ dat bekate ferâldere learstellingen fersmiet en it gezach fan de bibel inkelt noch as de iepenbiering fan God tajaan woene. Sy winsken in evangelyske geloofsbelidenis yn it plak fan in tsjerklike.

De measte oanhingers fan de streaming hienen yn Grins studearre as dêr lesjûn as heechlearaar teology. Petrus Hofstede de Groot, Van Oordt, Pareau en Muurling wienen ûnder de foaroanmannen. De beweging hie in eigen tydskrift: Waarheid in Liefde.

Skaaimerken fan de Grizzer rjochting:

  • Histoarysk bewustwêzen: Sy hienen it idee dat se in typysk Nederlânske teology joegen. De wiere Nederlânske folksgeast soe fan de Synoade fan Doardt ôf oant de skieding fan tesjerke en steat yn 1795 ûnderdrukt west hawwe troch it útlânske kalvinisme. De Grinzers woenen harren leaver oanslute by it bibelsk humanisme fan Erasmus: gjin skerpsliperij, praktysk en gemoedelik leauwe.
  • Klam op it gefoel: Leauwe en godstsjinst binne foar de Grinzer godgelearden foaral aktiviteiten fan it gefoelslibben. Dat sy sleaten oan by de Dútske teolooch Friedrich Schleiermacher dy't "Religion" omskreau as schlechthinniges Abhängigkeitsgefühl, it gefoel fan folsleine ôfhinklikens. De Grinzers seagen dat ôfhinklikheidsgefoel mear as in earste trep yn de religieuze ûntjouwing fan de minske. Op it ôfhinklikheidsgefoel behearde it ferlet oan God field te wurden, dat folge moatten wurde soe troch it gefoel fan leafde foar Him.
  • Opfiedingsidee: Dêrút die bliken de ynfloed fan de ferlichte supranaturalist Herman Muntinghe. Dy hie it opfiedingstinken beheind ta de Bibel: it Alde Testamint en it Nije Testamint litte sjen hoe't God it minskdom opfiedt. De fuortgong yn de heilsskiednis hie in pedagogysk karakter. De Grinzers lutsen dy line troch nei de eigen tiid: de minske wurdt de hiele skiednis troch fan God opbrocht dat hy hieltyd lykfoarmiger wurde sil oan it byld fan Jezus Kristus. Dêrom is de skiednis fan it miskdom ien fan foarútgong om dat úteinlike doel te berikken. Dy foarútgong bestie ek yndie foar de Grinzers. Sy wienen fan betinken dat sy fierder wienen as harren foargongers.

Yn de dogmatyk brocht de útwurking fan dy útgongspunten yn nije útlis fan in stikmannich klassike grifformearde learstikken.

Yn de lear oer Jezus Kristus waard bot klam lein op syn minskewêzen en syn foarbyldfunksje. Dat Hy sa'n treflik en it neifolgjen wurdich libben laat hie, waard taskreaun oan syn pre-eksistinsje. Dêrtroch hie Jezus alle tiid hân om te learen hoe't er libje moast. It ierdske libben fan Jezus wie in tarieding op de gruttere treflikens fan it himelske libben.

By de beskriuwing fan de ûnderlinge ferhâlding tusken de trije godlike persoanen de waard Jezus Kristus bot leger makke oan de Heit. Dêrom waard harren wol ferwiten dat se "moderne Arianen" wienen. De Hillige Geast waard net sjoen as in persoan, mar as in krêft.

Ferlossingslear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sûnde wie neffens harren it gefolch fan ferfrjemding van de minsk fan God, in ferkearde ynfolling fan de minsklike selsstannigens. De plakferfanging fan Kristus waard fral sjoen as in foarm fan solidariteit mei it minsklik laach en net as de iennige wize wêrop de fermoedsoening tusken God en minske barre koe. It lijen op him sels hie gjin fersoenende betsjutting, mar wie earder eksimplarysk.

Maatskaplike belutsenens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trou dat sy wienen oan harren opfiedingsidee, dienen de Grinzers in protte sosjaal wurk en krewarren sy foar it ûnderwiis en de sinding. It godstsjinstich klimaat fan it iepenbier ûnderwiis waard yn it noarden fan Nederlân lange tiid fan harren dominearre, omdat de measte skoalopsjenners dêr predikanten fan de Grinzer rjochting wienen.

De Grinzer Godgelearden yntrodusearren de teology fan Schleiermacher yn Nederlân. Harren ôfwykjen fan de tradisjonele grifformearde teology en it tolerearjen dêrfan troch tsjerklike bestjoerders wie ien fan de oanliedings foar it ûntstean fan de Ofskieding fan 1834. De Grinzers ferlearen fan 1850 ôf oan ynfloed troch it opgong meitsjen fan de Moderne Teology. Teffens wie der in fannijs oplibjen fan de grifformearde ortodoksy yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Sadwaande waard de Grinzer rjochting in middenstream yn de tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Klooster, Rienk - Groninger Godgeleerdheid in Friesland 1830-1872 - Ljouwert 2001
  • Rasker, A.J. - De Nederlandse Hervormde Kerk vanaf 1795. Geschiedenis, theologische ontwikkelingen en de verhouding tot haar zusterkerken in de negentiende en twintigste eeuw Kampen 1986, s. 45-54.
  • Vree, J. - Groninger Godgeleerden. De oorsprongen en de eerste periode van hun optreden (1820-1843) - Kampen 1984
  • Vree, J. - H. de Cock en de Groninger Vrienden (I). Een onderzoek naar de overeenkomst en samenhang tussen Afscheiding en Groninger richting in haar oorsprong. Yn: Jaarboek voor de Geschiedenis van de Gereformeerde Kerken in Nederland 4 - Kampen 1990
  • Vree, J. - H. de Cock en de Groninger Vrienden (II). Een onderzoek naar de overeenkomst en samenhang tussen Afscheiding en Groninger richting in haar oorsprong. Yn: Jaarboek voor de Geschiedenis van de Gereformeerde Kerken in Nederland 5 - Kampen 1991
  • Vree, J. - Groninger Godgeleerden en predikanten in beweging: politiek en propaganda. Yn : J. Vis en W. Janse - Staf en storm. Het herstel van de bisschoppelijke hiërarchie in Nederland in 1853: actie en reactie - 2002

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Groninger richting.