Grifformearde tsjerke (Wâldsein)
Appearance
Grifformearde tsjerke (Wâldsein) | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
plak | Wâldsein | |
adres | Iewal 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1912 Restauraasje: 1999 | |
arsjitekt | H.J. Tiemens |
De Grifformearde tsjerke is in tsjerkegebou yn Wâldsein, gemeente Súdwest-Fryslân, yn de provinsje Fryslân.
De grifformearde tsjerke waard yn 1912 boud neffens in ûntwerp fan arsjitekt H.J. Tiemens. De sealtsjerke mei stekkappen (lyts ferwulft dat yn in grutter ferwulft of kap ynsnijt) hat in oanboude konsistoarjekeamer en in heal ynboude toer fan trije geledingen mei ynsnuorre spits. De tsjerke waard op 27 maart 1913 yn gebrûk naam.
It oargel waard makke troch Pels & Van Leeuwen en yn 1962 yn de tsjerke pleatst. Yn 1975 krige de tsjerke glês-yn-leadruten.
Troch it Samen op Weg-proses is it tsjerkegebou yn 1998 frijkaam foar in oare bestimming. Yn 1999 is it gebou restaurearre en yn 2000 is it yn gebrûk naam as wenhûs.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gereformeerde kerk, Woudsend fan Wikimedia Commons. |