Springe nei ynhâld

Grifformearde tsjerke (De Jouwer)

Ut Wikipedy

De Grifformearde Tjerke fan De Jouwer stiet oan de E.A. Borgerstrjitte op De Jouwer.

De tsjerke waard om 1840 stifte oan de Bûterstrjitte. De sealtsjerke sûnder toer waard nei alle gedachten boud yn 1760, doe't troch ûnienigens yn de Menniste gemeente "It Lytse Hûs" stifte waard. Doe't beide menniste gemeentes harren wer ferienen waard it gebou bûten gebrûk nomd.

Tsjerke oan de Hurddraversdyk
(1921-1984)
Tsjerke oan de Bûterstrjitte
(1842-1921)

Yn 1842 waard it gebou yn gebrûk nomd troch de grifformearde gemeente. De earste predikant wie dûmny Uytterdijk. De tsjerke waard yn 1890 útwreide mei 160 sitplakken. Oan it begjin fan de tweintiger jierren fan de tweintichste iuw ûntstie ferlet fan it grutter gebou. It nije gebou oan de Hurddraversdyk waard op tongerdei 9 maart 1922 ynwijd troch dûmny J.R. Dijkstra. It âlde gebou oan de Bûterstrjitte waard foar f 4750,- ferkocht oan Romke Sjoerd de Boer, meubelmakker en dûnslearaar. It âlde tsjerkegebou waard as "Konsertseal De Boer" brûkt as kafee anneks seal foar dûnsjûnen, film- en toanielfoarstellingen, sjongútfierings en oare aktiviteiten. Yn 1926 waard it sloopt.

It nije gebou oan de Hurddraversdyk op De Jouwer waard yn 1921 boud troch Ane Nauta. It stie tusken de Midstrjitte en de Tjerkestrjitte. Neidat dit gebou yn 1981 bûten gebrûk rekke wie, waard de tsjerke yn 1984 ôfbrutsen. Tsien jier letter baarnde begjin april 1994 de nije grifformearde tsjerke De Oerdracht oan de E.A. Borgerstrjitte ôf nei brânstifting.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: