Grifformearde tsjerke (De Harkema)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Grifformearde tsjerke
De Harkema, fuortsette grifformearde tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Coat of arms of Achtkarspelen.jpg Achtkarspelen
plak Harkema wapen.svg De Harkema
adres Warmoltsstrjitte 61
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1913
webside Side Fuortsette griff. gemeente De Harkema

De Grifformearde tsjerke oan de Warmoltsstrjitte is de tsjerke fan de fuortsette grifformearde gemeente yn De Harkema.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Evangelisaasjepost[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de basis fan de stifting fan tsjerklik libben yn De Harkema stie de út Grinslân ofkomstige Lambertus Nankes Warmolts. Syn heit wie yn 1863 beneamd ta dûmny fan de herfoarme tsjerke fan Surhuzum en as boer op Fjouwerhuzen kaam Warmolts yn de kunde mei de strieminne omstannichheden fan de bewenners op de Hamsterheide doe't er dêr in sike feint besocht. Fan pastorale soarch wie op de heide gjin sprake en in tsjerke seagen de heidebewenners hast nea fan binnen, oant Warmolts yn 1883 prikken yn it wurk sette en jild ynsammele foar de oprjochting fan in lytse evangelisaasjepost op de heide. Boppe de doar fan it uterst ienfâldige tsjerkje kaam in raam te sitten mei de tekst "Ziet hier Gods vinger". Njonken it boerewurk krige de dûmnyssoan no ek in taak as evangelist.

De tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien boppe it portaal

Al gau waard de houten evangelisaasjepost te lyts en moast it grutter makke wurde. Yn 1891 folge mei help fan de oanbuorjende gemeenten de bou fan in stiennen tsjerke op it plak fan de hjoeddeiske grifformearde tsjerke. Om't Warmolts gjin echte dûmny mar in evangelist wie, fielden de herfoarme predikanten út de oanbuorjende doaprne harren wat mear as Warmolts en sa kaam it dat de evangelist Warmolts him yn 1892 oansleat by de grifformearden. Mei Warmolts gyngen ek de heidebewenners mei oer nei de grifformearde tsjerke. Noch oant de dea fan syn frou yn 1904 bleau Warmolts as evangelist oan de gemeente ferbûn, dêrnei ferhuze er nei syn soan yn Strobos.

Yn 1913 ferriisde op it plak fan de earste stiennen tsjerke de monumintale grifformearde tsjerke. In jier dêrnei waard njonken de tsjerke in pastory boud, dy't letter in wenning foar de koster waard nei't in nije pastory oan de oare kant fan de strjitte boud wie.[1]

Skuorring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de kwestje Geelkerken him yn 1926 oantsjinne soarge dy ek yn De Harkema foar skeel. Dûmny Van Leeuwen stelde him yn dy kwestje aktyf oan de kant fan Geelkerken op, mar de tsjerkeried en it grutste part fan de gemeente stie fjouwerkant efter de synoade. It konflikt einige mei it útsluten fan Van Leeuwen fan it amt en mei Van Leeuwen ferlieten sa'n 60 belidende leden de tsjerke. De groep dy't de tsjerke ferlieten stiften in eigen tsjerke yn De Harkema en sletten harren oan by de Grifformearde Tsjerke yn Hersteld Ferbân (letter opgien yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke respektivelik de Protestanske Tsjerke yn Nederlân).[2][3]

Fuortsette Grifformearde tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke en eardere pastory

De Harkema wie ien fan de trije Fryske en acht Nederlânske grifformearde gemeenten, dy't net mei woene yn it fúzjeproses fan de grifformearde en herfoarme tsjerken en yn 2004 de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân oprjochten.[4] Letter sletten mear gemeenten harren oan by it nije tsjerkegenoatskip.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de grifformearde tsjerke waard yn 1976 boud troch de firma Haarsma út Drachten. It ynstrumint ûndergyng yn 2002 in restauraasje en waard mei twa registers troch de Siuwske oargelbouwer René Nijsse útwreide.[5]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: