Grifformearde tsjerke (Burdaard)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjerke oan 'e Ie
Grifformearde tsjerke fan Birdaard.1.JPG
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Coat of arms of Ferwerderadeel.svg Ferwerderadiel
plak Burdaard
adres Ds. R.H. Kuiperstrjitte 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1892-1893
webside PKN-gemeente Burdaard

De Tsjerke oan 'e Ie is de earder grifformearde tsjerke fan Burdaard. Tegearre mei de foarhinne herfoarme "Tsjerke op de Terp" is it ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Burdaard. Beide tsjerken wurde troch de gemeente brûkt foar de sneinske tsjinsten.

Op 31 augustus 2008 fierde de Protestanske Gemeente Burdaard dat de Herfoarme Gemeente Burdaard-Jannum en de Grifformearde Gemeente Burdaard-Jislum-Wânswert offisjeel op 24 juny fan dat jier fusearre wiene.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1841 waard foar de ôfskieden gemeente in tsjerke boud. Nei de doleânsje waard dy tsjerke te lyts en moast de hjoeddeiske tsjerke boud wurde. It portaal is letter oanboud.[2]

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerkeseal is ferdield yn trije rigen banken en in kreake, dy't op de preekstoel oriïntearre binne. Boppe de preekstoel hinget it oargel. It ferwulft is yn 1989 wer yn de oarspronklike kleuren skildere.[3]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1920 boude Bakker & Timmenga in oargel yn de tsjerke. Mei gebrûk fan ûnderdielen fan it âlde oargel boude Wil Boegem yn 1972 in nije mechanysk sleepladen-oargel mei 21 registers.[4]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: